Buro de Vries fan 8 septimber 2019 11:00

    Op en by de Ofslútdyk groeie seldsume planten en no’t de Ofslútdyk hielendal op ’e skop giet, is it gefaar dat dy planten net werom komme. Dêr is wat op betocht. It sied fan de planten sil rispe wurde.
    Yn it Gelderse Gorssel is it MORE museum, in museum foar Modern Realisme. Der hinget in soad wurk fan de Fryske keunstner Jan Mankes, in protte wurk út de kolleksje fan Dirk Scheringa hinget der en de direkteur is ek in Fries: Ype Koopmans.
    Yn 'Yn Memoriam' besprekt Cor Waringa it libben fan Renze Jacobi.
    It nijsfoarum besprekt it nijs fan de ôfrûne wike en bestiet út Harry van der Molen, Betty de Boer en Douwe Hoogland.

    Siedrispje op 'e Ofslútdyk om fegetaasje te rêden

    De giele hoarnpapaver, de seelathyrus, de blauwe walstro, de gelobde melde: it binen allegear plantsjes dy't je sjogge op 'e Ofslútdyk. Guon binne sels sa seldsum dat se op de reade list stean. Mar de kommende jierren giet de dyk op 'e kop en hoe komt it dan mei al dat guod? Ben Bruinsma fan Sint-Anne is der net gerêst op. Yn gearwurking mei de Fryske feriening foar fjildbiology koördinearret hy dêrom foar it 'Het Levend Archief' it rispjen fan sied dat oer in pear jier dan werom siedde wurde kin. Yn de hoop dat de fegetaasje fan no, dan rap wersteld wurdt. Twa kear wyks is Bruinsma no al op 'en paad en meikoarten sil er mei in ploechje sied rispje. Alles foar it rêden fan de kwetsbere fegetaasje...

    Ype Koopmans, de Fryske direkteur fan museum MORE

    Ype Koopmans, berne en opgroeid yn Hallum, is direkteur fan it populêre museum MORE yn it Gelderske Gorssel. Dit partikuliere museum foar modern realisme, dat ûnder mear in soad wurk fan Jan Mankes hat, is eigendom fan de rike yndustrieel Hans Melchers. Melchers hat - fia de Deutsche Bank- in soad keunstwurken oernaam út de saneamde Scheringa-kolleksje, sammele troch Dirk Scheringa. Troch it museum is it wat sliepende Gorssel ûnderwilens útgroeid ta in brûzjend museum doarp. Mei syn satellyt-museum yn kasteel Ruurlo rekkenje se dit jier op mear as 300.000 besikers. Wa is Ype Koopmans, hoe bedarre hy yn Yn Gorssel en wat binne de ambysjes fan him en syn museum? Buro de Vries pakte de museum-jierkaart der by en reizge ôf nei Gorssel...

    Yn Memoriam: Renze Jacobi

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries.Dizze kear is dat Renze Jacobi.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    It nijsfoarum mei Harry van der Molen, Douwe Hoogland en Betty de Boer

    It nijsfoarum diskussearret oer saken dy't yn it nijs binne. De foarumleden binne dizze kear CDA twadde keamerlid Harry van der Molen, it eardere VVD keamerlid Betty de Boer en PvdA deputearre Douwe Hoogland. De ûnderwerpen dy't oan bod komme:

    Geweld tsjin de plysje (helpferlieners). Hokker maatregels moatte der nommen wurde? taser? selstraffen.

    Festivals en oerlêst.... foar natoer en bewenners. Hoe moatte we der mei om gean?

    Werom nei de basisbeurs? En wannear dan?

    Bernetaslach koartsje as in bern ûntspoart troch skuld fan de âlders

    11:09 - Paul Simon - Mother And Child Reunion
    11:19 - Jan De Vries - Bildtstars & Eigenheimers [Single Edit]
    11:40 - Corrs - Runaway
    11:52 - Douwe Bob - Consider
    12:10 - Lighthouse Family - Lifted
    12:19 - George Ezra - Pretty Shining People

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)