Buro de Vries fan 8 oktober 2017 11:00

*Akteartalint út de Jouwer: Bauke Klaas Haanstra * Op poddestoelekskursje yn de Griene Stjer by Ljouwert * Yn Memoriam: Klaas Bootsma fan Turns * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Karen Bies en Sybren Posthumus*

Under de yndruk fan akteartalint Bauke Klaas Haanstra

Bauke Klaas Haanstra út de Jouwer spile de stjerren fan de himel yn it iepenloftstik 'It bjusterbaarlike foarfal mei de hûn yn de nacht' yn Jorwert. Bauke Klaas is noch mar 18 jier en droech de hiele foarstelling mei syn ynterpretaasje fan de autistyske Kristian. In swiere rol mei in hiele protte tekst. Hoe hat hy de repetysjes, de foarstellings en de reäksjes op de foarstelling belibbe?

Hûnderten poddestuollen yn de 'Groene Ster'

Wiet waar, de measten fan ús hâlde dêr net sa fan. Skimmels binne der lykwols gek op. Gjin wûnder dat ek de poddestuollen dus as...., tsja ... poddestuollen út de grûn sjitte. Moai om te sjen, en foto's fan te meitsjen. Mar ek om te iten. Alteast, guon fan de soarten. Oaren kinne je krekt mar better stean litte. Mar wit mar hokker by de iene of de oare groep hearre! It Buro luts de learzens oan op syk nei de antwurden. En dat trof, want de Poddestuollewurkgroep Fryslân hold sneon, ûnder lieding fan Jan en Margriet van der Meer in ekskurzje yn de Griene Stjêr by Ljouwert...

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Klaas Bootsma.

It wikeoersjoch

In persoanlik en tige selektyf oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike.

Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Karen Bies en Sybren Posthumus

11:08 - Gloria Gaynor - I Will Survive
11:27 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
11:43 - Extreme - More Than Words
12:11 - Feargal Sharkey - A Good Heart
12:20 - Xavier Rudd - Follow The Sun
Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)