Buro de Vries fan 8 novimber 2020 11:00

    - Yn 'e kunde mei de 'regiomakeler Swiet-Sâlt'
    - Ferhalen út de GGZ
    - It oersjoch fan 'e wike
    - De betsjutting fan Josse de Haan foar it Frysk
    - "Ut it libben": Jan van der Zijl
    - It Nijsfoarum mei Harry van der Molen, Max Aardema en Anke Bijlsma.

    Swiet - Sâlt

    De 'fersiltingsproblemen' yn Fryslân wurde hieltyd grutter. Kinne we hjir yn de takomst ús sterke produkten as ierdappels, biten en grienten noch wol tele? Of moat der no al ynset wurde op de saneamde 'zilte teelten'? In soad boeren sitte mei ditsoarte fragen om't se sjogge dat de opbringsten ôfnimme. In saneamde 'regiomakelaar Zoet-Zout' sil yn Noard-Nederlân boeren advisearje. Peter Prins is koartlyn yn dizze funksje begûn en mei him seach it Buro by boer Wiebe Goodijk by Seisbierrum....

    Josse de Haan - út it Omrop argyf

    Skriuwer, dichter en keunstner Josse de Haan is ferline wike snein, 1 novimber op 79-jierrige leeftiid yn it sikehûs fan Bayonne yn Frânsk Baskelân ferstoarn. De Haan wie in alsidige skriuwer, dy't neist gedichten en romans ek toanielstikken, essays, kritiken en polemiken skreau. Yn 1999 fêstige er him yn Súd Frankryk, dêr't er wenne mei syn Spaansk-Baskyske frou.

    It Buro earet Josse de Haan mei in reportaazje, gearstald út it Omropargyf oer syn libben en wurk.

    It oersjoch fan de wike

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster.

    It Nijsfoarum

    Ditkear oan tafel foar it Nijsfoarum:

    Anke Bijlsma, aktrise en kultuerûndernimmer;
    Max Aardema, fraksje foarsitter PVV yn de Fryske Steaten;
    Harry van der Molen, lid Twadde Keamer foar it CDA.

    Ut it libben: Jan van der Zijl fan Haskerhoarne

    Ut it Libben: ûnder dy titel is der by it Buro geregeld omtinken foar minsken dy't dit libben hast ferlitte of krekt ferstoarn binne. Dat kin troch in ynterview mei de persoan sels, sa as okkerdeis mei skriuwer Mindert Wynstra, of troch in foarlêzen Yn Memoriam. Dat lêste ha we hjoed: Hinke Wolthuizen fan Mantgum hat in yn memoriam skreaun oer Jan van der Zijl fan Haskerhoarne.

    11:17 - Corrs - Old Town
    11:34 - Syb - Alles Wat Ik Doch
    11:46 - Buckshot Lefonque - Another Day
    11:57 - Jelle B - De Pionier
    12:08 - Des'ree - What's Your Sign
    12:17 - Fine Young Cannibals - Johnny Come Home

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)