Buro de Vries fan 8 maart 2020 11:00

    * Barbara van Beukering oer Fryslân, de dea en it dea gean;
    * It Nijsfoarum oer it nijs út Fryslân en de rest fan 'e wrâld, Mei Aukje de Vries (VVD), Gerben Gerbrandy (FNP) en Jaap Stalenburg (PvdA);
    * Underdûkbern
    * Yn Memoriam Anna Ybema-Reinsma;

    "Sterven. Je kunt het maar één keer doen..."

    'Je kunt het maar eenmaal doen', dat is de titel fan it lêste boek fan Barbara van Beukering dat koartlyn ferskynde. Yn it boek praat se oer de dea en it dea gean. It is gjin hânboek foar de rouferwurking, mar it biedt minsken wol treast. Al wie it mar fanwege de iepen en taboe-leaze wize wêrop't se mei it tema omgiet en ticht by harsels bliuwt. Barbara van Beukering is hikke en tein yn Drachten mar wurke jierren yn de mediawrâld yn de rânestêd. Sa wurke se foar de TROS, de AVRO, Volkskrant Magazine en wie se acht jier haadredakteur fan Het Parool. Ferline jier ferskynde fan har hân de bestseller "Kruip nooit achter een geranium". Se wennet no wer yn Fryslân en Henk te Biesebeek socht har op foar in goed petear oer Fryslân, de rânestêd en de kleau dêr tusken, mar ek oer de dea en it ferstjerren en de ein fan har eigen libben. 'Natuurlijk zie ik daar enorm tegen op! Maar we gaan allemaal. Hier is nog nooit iemand levend weggekomen..."

    It folsleine petear mei Barbara van Beukering

    Foar wa't alles hearre wol wat der yn it petear fan Henk te Biesebeek en Barbara van Beukering oan de oarder kaam, stiet it folsleine petear hjir ûnder.

    It oersjoch fan 'e wike

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    It Nijsfoarum

    Oan tafel sitte ditkear:

    Aukje de Vries, Twadde Keamerlid VVD;
    Germ Gerbrandy, Earste Keamerlid OSF;
    Jaap Stalenburg, Steatelid PvdA en sport-analist.

    Yn Memoriam Anna Ybema-Reinsma

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries of Friezinne. Ditkear is dat Anna Ybema-Reinsma.

    11:07 - Norah Jones - Creepin' In
    11:28 - Jan Tekstra - De Tsjoender Fan It Wurd
    11:47 - Paolo Nutini - New Shoes
    12:07 - Nits - Soap Bubble Box
    12:15 - Coldplay - Everyday Life

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)