Buro de Vries fan 8 maaie 2016 11:00

    De heidehipper hat it dreech * Yn Memoriam Age van der Ploeg * Marysa Dijkstra har libben is 'beautuful ' * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Anje Wester * Jonkers berneweinen fan De Gordyk * Us (digitale) doarp

    De heidehipper hat it dreech

    • De heidehipper hat it dreech - Audio: Omrop Fryslân

    De heidehipper, op syn Hollânsk de tapuit, stiet yn Nederlân op de reade list. Der bin noch mar sa' n 250 briedpearen. Wolle we dit sjongfûgeltsje hjir hâlde, dan moat der wat gebeure. De Keale Dunen by Appelskea is ien fan de gebieten dêr't de heidehipper noch briedt. Al in pear jier wurdt dêr ûndersyk dien en wurdt it lânskip oantreklik makke foar de heidehipper. Boskwachter Corné Joziasse lit ús sjen hoe.
    http://www.staatsbosbeheer.nl/natuurgebieden/drents-friese-wold
    @cornejoziasse

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet er it libben fan Age van der Ploeg oer.

    Life is beautiful, of net?

    • Life is beautiful, of net?

    Aktrise Klaasje Postma stiet op it stuit op de planken mei it stik Life is Beautiful, oer de Joadske pianiste Alice Herz-Sommer. Yn it stik giet it oer hoe't je yn it libben stean, wat je oerein hâldt, hokker keuzes je meitsje. Klaasje Postma prate mei ferskillende minsken oer dizze tema's. Yn ús TV programma Bynt hat se hjir al oer ferteld. Sa socht sy de 33-jierrige Marysa Dijkstra fan Goutum op. Marysa har lichem is altyd siik.

    Sjouke Lousma is ûnderweis

    • Sjouke Lousma is ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt. Dizze snein is hy op in folkstún by Drachten.

    Kollum fan Anje Wester Koopmans

    • Kollum fan Anje Wester Koopmans

    De kollum komt hjoed fan Anje Wester Koopmans, ûndernimster yn Earnewâld.

    Jonkers berneweinen fan De Gordyk

    • Jonkers berneweinen fan De Gordyk - Audio: Omrop Fryslân

    Sa no en dan sjogge jo se noch, dy moaie âlde berneweinen út de jierren '50. Kollega René Koster hat der ek ien; foar de pakesizzers. Op in hast fersliten plaatsje wie noch krekt de namme fan de fabrikant te ûntsiferjen: 'Jonkers Gorredijk'. En nijsgjirrich as er is, woe er dêr graach mear fan witte. Hjir it ferslach fan syn bysûndere, hast mysterieuze syktocht...

    Us digitale doarp

    • Us digitale doarp

    Trynwâlden.nl soene je sjen kinne as it digitale doarpsplein fan de regio. Alle doarpen dogge der oan mei en frijwilligers besykje de ynformaasje op dy webside sa aktueel mooglik te hâlden. Wy troffen twa fan har: Piet Reitsma en Marten Pietersma...

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)