Buro de Vries fan 8 july 2012

In grut part fan Nederlân hat al fakânsje, mar wy yn it Noarden noch net.
Om tuskentroch dochs even wat op te laden kinst by it Buro in stuoltjse útklappe op in hiel lyts eilantsje, of mei nei it Raerder Roekebosk, dêr't Sjouke Lousma op syk is nei blêdlok (daslook), holwoartel en it blaufioeltsje (maartsk fioeltsje).

Cor Waringa betinkt it libben fan Jan van der Wal, dy't syn grutte leafde trof by in konsert fan BZN yn Nijhoarne.
En we blikke werom op it libben fan de krekt ferstoarne tekstylmagnaat Lippe Lap.

Yn de twadde oere sjogge we wer yn Sweden. Lykas bekent reizgen twa buroleden ein maaie ôf nei Sweden, op syk nei Fryske emigranten. It levere in tal moaie programma's op dy't we dizze simmer útstjoere. Hjoed mei Nynke Post, se is berne yn Aldebiltsyl en wennet no yn Båstad.

Mei Hans Pietersma nei de Makkumernoardwaard

Buro de Vries stapt dizze simmer yn it boatsje om te sjen op ferskillende eilantsjes yn ús provinsje.
Hans Pietersma fan it Fryske Gea nimt ús mei nei de Makkumernoardwaard. Dit eilân oan de iselmarkust is in unyk natoergebiet. Prachtige planten binne der te finen, lykas de wylde orchidee en it is in paradys foar fûgels. Mar sûnt dizze winter is der in ynslûper. In stel foksen hat de tocht oer it iis oandoart en wennet der no ek...

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jan van der Wal

Ut it argyf

Op Sneon 30 juny ferstoar Lippe Lap, grunlizzer fan de stoffen- en flierbedekkingwinkels, tsjintwurdich bekent ûnder de namme "Lippe Wonen".
Yn 2008 gong it Buro nei Oerterp foar in petear mei dizze eigenzinnige doch beskieden Fries.

Underweis ôfl. 1624

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

In Biltse yn Båstad

Us twadde stop yn Sweden is Båstad, hjir wennet Nynke Post. Nynke is 34 jier en mem fan twa jonges: Hidde fan 6 en Sytse fan hast 4 jier. Se komt fan Aldebiltsyl. Foar de leafde ferhuze se nei Sweden.

Oardel jier lyn rûn har relaasje stikken. Nynke wennet no mei har soantsjes yn in lyts appartemint oan de râne fan Bastad. Se keapet fruit en griente yn foar ICA, in dochterûndernimming fan Ahold. Dizze baan hat se mei krigen omdat se Nederlânsk is. Yn 'e simmer hat Sweden genôch griente en fruit. Bûten it seizoen helje se in soad út Nederlân. Boppedat komt it measte fruit út Afrika en Súd-Amearika ek fia Nederlân nei Sweden.

Nynke wrakselet mei in grut dilemma: werom nei Fryslân of net? De soarch fan de bern leit hielendal op har skouders, dat is swier. Steun fan famylje kin je dan goed brûke, mar dy wennet yn Fryslân. Mar kin je it de bern oandwaan om safier by harren heit wei te wenjen?

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)