Buro de Vries fan 8 jannewaris 2017 11:00

Presintaasje: Geartsje de Vries

oardel iuw Keninklike Koopmans Moalfabryk * Bernardus Zijlstra: Werinnerings oan Ynje * Yn Memoriam Tjitske Bakker * it Nijsfoarum mei Geart Benedictus, Immie Jonkman en Annigje Toering

Oardel iuw Keninklike Koopmans Moalfabriken

  • Oardel iuw Keninklike Koopmans Moalfabriken

Doe't Uilke Klazes Koopmans begûn mei in moalfabryk hie er nea tinke kinnen dat it fabryk oardel iuw letter noch altyd bestean soe en sa grut wêze soe. Manager Pieter Douma fan Keninklike Koopmans Moalfabriken sil snein 8 jannewaris fertelle oer de skiednis fan dit fabryk by it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Yn Buro de Vries jout er koart in foarpriuwke.

Bernardus Zijlstra Heech

  • Bernardus Zijlstra Heech

Bernardus Zijlstra (89) fan Heech hie eins noch nea fierder west as Snits, doe't er oproppen waard om as tsjinstplichtige nei Nederlânsk Ynje te gean, mar twivel hat der net west. 'It wie ús plicht om dêr hinne; wy wiene ek bliid dat de Kanadezen hjir kamen'. Fan dy tiid dêr hat Zijlstra in soad oantinkens bewarre, ûnder oaren grutte skriften mei deiboek-oantekens. 'Yn it Frysk, foar it gefal der frjemde eagen oer gean soene....' Zylstra fertelt hoe't hy by tafal net yn in legerauto siet dy't ferûngelokke en syn maten it libben koste. En dat hy it befel om op immen te sjitten opfolge, mar eins ek negearde: hy miste mei opsetsin.

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Tjitske Bakker.

Nijsfoarum

  • Nijsfoarum

It nijsfoarum bepraat it nijs en giet yn diskusje. De foarumleden binne: Annigje Toering, âld listlûker fan de FNP, Geart Benedictus, âld senator fan it CDA en Immie Jonkman, kommunikaasje en organisaasje-frou.

11:08 - Tim Finn - Fraction Too Much Friction
11:17 - Lou Reed - Walk On The Wild Side
11:45 - Bram Vermeulen - Testament
12:08 - Stromae - Formidable
12:14 - Coldplay - In My Place

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)