Buro de Vries fan 8 desimber 2019 11:00

    Buro de Vries stiet op 8 desimber wiidweidich stil by de oerfal op 8 desimber 1944, presys 75 jier lyn.

    Yn it nijsfoarum beprate we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike yn Fryslân en de rest fan de wrâld.

    De mannen van de overval

      De mannen van de overval is in boek oer de 26 manlju dy't op 8 desimber 1944 deryn slaggen 51 fersetsstriders dy't troch de Dútsers gefangen hâlden waarden yn de Blokhúspoarte te befrijen. In ûnmooglike opdracht dy't wol slagge.

      Hessel de Walle skreau in boek oer de libbens fan de 26 befrijers. Wat diene se foar, yn en nei de oarloch en hoe fergie harren libben fierder? De oanlieding foar it boek is it feit dat de oerfal dit jier 75 jier lyn plakfûn.

      Te gast yn Buro de Vries is Hessel de Walle, de skriuwer fan it boek. Ek Truus Berends is te gast. Se is de âldste dochter fan ien fan de 26 befrijers. Ernst Hendricus Rob wie har heit. Hy wie belutsen by de oerfal, mar ek by oare fersetssaken yn Fryslân. Truus hat noch brieven fan har heit oan har mem as hy wer fuort is foar syn fersetswurk. It hat op it houlik de nedige ympakt hân en ek op Truus sels.

      Nijsfoarum mei Jenny Douwes, Sieta van Keimpema en Habtamu de Hoop

      Yn it nijsfoarum beprate we de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Dizze kear bestiet it foarum út Jenny Douwes, Sieta van Keimpema en Habtamu de Hoop.

      Wike oersjoch

      Yn Buro de Vries sjocht ek de presintator op eigen wize werom op de ôfrûne wike.

      11:10 - Shara Nelson - One Goodbye In Ten
      11:33 - De Kast & Maaike Schuurmans - Wa't Ik Bin
      12:08 - Bob Geldof - The Great Song Of Indifference
      12:19 - Camila Cabello - Liar

      Programma presentator: 
      Simone Scheffer

      Buro de Vries

      Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
      (advertinsje)