Buro de Vries fan 8 desimber 2013 11:00

Op- en/of oanmerkings? of in goeie tip? We hearre it graach! mail nei burodevries@omropfryslan.nl

De Sibearyske huskys yn Drachten

Lêstendeis ha se Sinteklaas en Swarte Pyt ynhelle, mar meastal race se troch de bosk of fleane troch de snie. De Sibearyske huskys fan de famylje Berendschot fan Drachten. In roedel fan njoggen hûnen dy't meidocht oan wedstriden. Kommend wykein ha se wer in wedstriid yn it Kúnderbosk by De Kúnder (Kuinre).
Mear oer dizze huskys en prachtige filmkes bin te sjen op harren site: http://chibewyan.nl/.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Pytsje Haima Faber fan Weidum.

Frysk skiednisboek fan Pieter Winsemius

'Het koningsvaandel, reis door het verleden van Friesland'. It is de titel fan it nijste boek fan âld-minister Pieter Winsemius. Mei in soad niget die hy ûndersyk nei de Fryske skiednis. It sneupen sit him yn it bloed. Sa lies hy mei in soad nocht in boek út 1622 fan Pierius Winsemius, dat eins de basis is foar syn boek. Sa't it no liket wurdt it boek yn april presintearre yn Iens.

Sjouke Lousma ûnderweis (1682)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn in kuier mei de âldste ynwenner fan Wytgaard.

De miening fan ...Bert Looper

Alle sneinen yn Buro de Vries in kollum, hjoed fersoarge troch Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert. www.tresoar.nl

Debatteare oer it nijs

Ien kear yn 'e moanne skoot it nijsfoarum by ús oan. Sy beprate it nijs fan de ôfrûne wiken.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Boek.
http://www.nykdev.nl/

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)