Buro de Vries fan 8 april 2018 11:00

    * Rescue Team Friesland * Argyf: skriuwer Joop Boomsma * Koperslagger Dirk van Erp * YM Gerrit Jan de Boer * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Bouwe de Boer en Albert Hendriks *
    Presintaasje: René Koster.

    Syktocht Remon Bruinsma liedt ta Frysk opspoaringsteam

    Sneintemiddei presintearret it Rescue Team Friesland har, in non-profitorganisaasje dy't har dwaande hâldt mei it opspoaren fan fermiste persoanen. In inisjatyf fan Houwina Postma fan Ljouwert. Direkte oanlieding wie de fermissing fan Remon Bruinsma. De studint dy't ein ferline jier nei in jûntsje stappen net thúskaam en op nijjiersdei fûn waard yn it wetter by de Prinsetún. Mei in freondinne die Houwina in oprop op facebook om te helpen sykjen. In oprop út it hert, mar kwa organisaasje hienen se der net goed oer neitocht. Dat moast yn de takomst oars.
    In petear mei Houwina Postma en Frank Kuiper fan Rescue Team Friesland.
    www.rescueteamfriesland.nl

    Argyf: skriuwer Joop Boomsma

    Skriuwer Joop Boomsma fan Menaam is woansdei 4 april 2018 ferstoarn, hy is 72 jier wurden. Boomsma is by it grutte punlyk benammen bekend fanwege syn Fryske misdiedromans en syn ferhalen. Mar hy skreau ek artikels en gedichten, en wie de earste Fryske skriuwer mei in webloch. Yn ús argyf kamen wy in moaie reportaazje tsjin mei Boomsma. Hy naam ús mei nei syn favorite stikje natoer, de Jan Durkspolder by Earnewâld. In petear oer de natoer, oer twifel oan it nut fan syn skriuwen en it missen fan syn wurk. 

    Dizze reportaazje is earder útstjoerd op 21 jannewaris 2007.
     

    Eksposysje oer súksesfolle Ljouwerter keunstner en 'krimineel' Dirk van Erp

    Yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert is ôfrûne freed in tentoanstelling iepene oer koperslagger Dirk van Erp. It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat de eksposysje opset, neidat meiwurkster Lutske Vlieger by in ûndersyk dat se die foar har oplieding dy namme tsjin kaam en ûntduts dat hy wol in hiele opmerklike karriêre hân hat. Mei help fan Dirk van Erp-kenner en antikêr Isac Lindenauer út San Francisco is de tentoanstelling ynrjochte.
    It Buro wie derby doe't Lutske Vlieger en Isac Lindenauer de romte ynrjochten. Lindenauer is antikêr en hat in grutte priveekolleksje fan wurk fan Dirk van Erp. De útstalling is te sjen oant en mei 28 oktober, op freed-, sneon- en sneintemiddei yn it Pier Pandermuseum yn de Prinsetún yn Ljouwert. 

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gerrit Jan de Boer. 

    Oersjoch fan de wike

      Makke troch René Koster.

      Nijsfoarum mei Aukje de Vries, Albert Hendriks en Bouwe de Boer

      Oersjoch fan de wike

      Makke troch René Koster.

      11:11 - Dido - White Flag
      11:28 - Alan Walker - All Falls Down
      11:46 - Twarres - Ruzjend Yn E Wyn
      12:07 - Crowded House - Into Temptation
      12:15 - Ilse De Lange - Ok

      Programma presentator: 
      René Koster

      Buro de Vries

      Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
      (advertinsje)