Buro de Vries fan 7 oktober 2018 11:00

    * ferhalen yn it lânskip, in keunsttentoanstelling * universitêre stúdzje yn Ljouwert: alle studinten yn ien hûs * ynstjoerd stik oer banken en hypoteken * YM Wiekje Ykema * it nijsfoarum mei Rendert Algra, Dineke Wagenaar en Sander Warmerdam.

    "wy moatte meiinoar in community foarmje"

    It nije skoaljier is yn Ljouwert begûn mei foar it earst sûnt lange tiid wer de mogelikheid om in universitêre stúdzje te folgjen. De Ryksuniversiteit yn Grins is yn Gebou Z oan it Saailân úteinset mei de stúdzje Global Responsibility and Leadership. 27 studinten folgje de stúdzje dy't op in bysûndere wize opset is. Sa wenje alle studinten byinoar yn ien studintehûs. It Buro wie nijsgjirrich en socht in studint én de dekaan op. Dy't trouwens út Easteryk komt, mar goed Nederlâns praat.

    'Ferhalen yn it lânskip': 140 Fryske keunstners yn it ljocht yn Aldeberkeap

    'Ferhalen yn it lânskip.' Under dat biedwurk litte mear as 140 Fryske keunsters fan snein ôf har wurk sjen yn it markante CAV-gebou yn Aldeberkeap. It giet om in inisjatyf fan de stifting O18 dat ûntwikkeling fan keunsttalinten as doel hat. Yn it projekt, dat lieard is oan LF2018, krije de talinten stipe fan fiif ferneamde Fryske keunstners: Tryntsje Nauta, Christiaan Kuitwaard, Anne Feddema, Gerrit Terpstra en Tjibbe Hooghiemstra. Ek sels toane se har wurk yn it yndustriele gebou yn Aldeberkeap en kieze út it anonime oanbod de fiif meast talintfolle kollega's. Op 28 oktober, de lêste dei fan de útstalling, meitsje de 'masters' bekend hokker 15 keunstners meidwaan kinne oan de saneamde 'masterclasses' en úteinlik ûnder mear by Open Stal eksposeare meie. De útstalling yn it CAV-gebou is dizze moanne freeds, sneons en sneins, middeis fan 13 oant 17 oere en elk kin dêr fergees hinne.,

    www.verhaleninhetlandschap.nl

    Wytze Visser oer de banken en hypoteken

    Reklameman Wytze ergeret him oan de kampanje 'Aflossingsblij' fan de banken. 

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Wiekje Ykema.

    it wikeoersjoch

    In oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike

    it nijsfoarum

    De foarumleden Rendert Algra, steatelid foar it CDA en foarsitter fan de BFVW, Dineke Haanstra VVD riedslid yn Tytsjerksteradiel en Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante, diskussearje oer it nijs fan de  ôfrûne wike.

    11:10 - Gabrielle - Rise
    11:27 - Jaap Louwes - Hup Supengroattenbrij
    11:45 - Toad The Wet Sprocket - Walk On The Ocean
    12:10 - Kurt Darren - Loslappie
    12:18 - Sia Labrinth & Diplo - Thunderclouds

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)