De Fryske boekewike * dûmny Wim Beekman bondele syn 'corona-kollums' * Ut it libben: Sterke Yerke bemanningslid Leo vd Ploeg * it wikeoersjoch * It nijsfoarum mei Jenny Douwes, Max Aardema en Habtamu de Hoop
Buro de Vries fan 7 maart 2021 11:00
'Als het leven broos wordt', de bondele corona-kollums fan Wim Beekman
Als het leven broos wordt: ûnder dizze titel ferskynde koartlyn in bondel fan klassis-predikant en LC-kollumnist Wim Beekman. Yn dy bondel stiet de coronatiid sintraal en de gefolgen dêrfan foar minsk en tsjerke.
Op de omslach wurdt it sa omskreaun: "De columns beschrijven het dagelijks leven dat zomaar broos is geworden. Met de vrees, de verwarring en de nieuwe krachten die dit in ons naar boven haalt. De gebundelde columns uit een bewogen tijd zijn een spiegel van geloven in tijden van Corona. Als het leven broos wordt, is een hulpmiddel voor wie zich in de vastentijd wil bezinnen op de ziel van leven, sterven en opstaan."
Foar ús programma Buro de Vries hie René Koster in moeting mei Beekman oan de Iselmarkust by Molkwar. In petear oer leauwen en fertrouwen, mar ek mei de fraach oft God de minsk hjirmei wat witte litte wol.
Ut it libben: Sterke Yerke bemanningslid Leo van der Ploeg
Leo van der Ploeg, wie bemanningslid fan de Sterke Yerke 2 en 3. Hy is fannewike ferstoarn oan de gefolgen fan longkanker. Twa oare Yerke-mannen: Guus Schweigmann en Wilfred de Jong helje oantinkens op. Leo van der Ploeg is 66 jier wurden.
De Fryske boekewike
Justerjûn wie de ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021.Yn ferbân mei de coronamaatregels dit jier gjin evenemint mei hûnderten minsken, mar mei in útstjoering op telefyzje koe de feestlike ôftraap dochs noch 'live' meibelibbe wurde. De útstjoering mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes foarme de offisjele iepening fan de Fryske Boekewike. Hilda Talsma wie de haadgast dizze jûn. De skriuwster fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. Yn Buro de Vries in gearfetting fan de jûn.
it wikeoersjoch
In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike troch Geartsje de Vries
it nijsfoarum mei Jenny Douwes, Max Aardema en Habtamu de Hoop
Mei de foarumleden prate we oer de aktualiteit. Fansels ek oer de twadde keamerferkiezingen: Max Aardema fan de PVV stiet op it 47e plak fan de list en Habtamu de Hoop op it 9e plak fan de PvdA. Jenny Douwes is gjin kandidaat foar in partij.
11:09 - Hooverphonic - Romantic
11:35 - Sytse Haima - Ik Wol Der Foar Dy Weze
12:07 - Lighthouse Family - Lifted