Buro de Vries fan 7 maaie 2017 11:00

* Utfiner Willem Elsinga hat in oplossing foar poepruften * Weromsjen op de boere-aksjes fan 1990 mei Emiel Vogels * Yn Memoriam: Hannes Zeinstra * It wikeoersjoch * It nijsfoarum mei Lolkje Efdé, Gerard van der Veer en Yvonne Bleize *

Fan poep- en pisruften nei plestik en duorsume enerzjy

  • Fan poep- en pisruften nei plestik en duorsume enerzjy

Restôffal bestiet yn ús lân foar 5 oant 8 prosint út ruften. Folle ruften. Fan bern, mar ek as ynkontininsjemateriaal út âlderein- en fersoargingshuzen en fan folwoeksenen. Recyclen kin eins net omdat moderne ruften hieltyd minder út papier en hieltyd mear út plestiks bestean. Utfiner en Fries om utens Willem Elsinga hat in bysûnder prosedee betocht om dat dochs foarinoar te krijen. It Buro trof Elsinga fan 'e wike op de betonpleats fan de famylje Westra yn Aldemardum dêr't er ûndersyk die by de dongfergister fan it bedriuw...

Repo 10:30

Mear ynformaasje is te finen op de bedriuwswebside fan Willem Elsinga: www.belandsplanning.nl

De boere-aksjes fan 1990; 27 jier letter

  • De boere-aksjes fan 1990; 27 jier letter

Op snein 7 maaie (middeis) is de boekpresintaasje fan it boek 'de Trekker fan Troje' fan Hein Jaap Hilarides. It ferhaal is ynspirearre op de boere-aksjes yn 1990. Bouboeren út it hiele lân fierden doe aksje omdat se in bettere priis foar nôt ha woene. Mei trekkers waarden wegen en gebouwen blokkearre.
Ien fan de foaroanmannen fan dy aksjes yn Fryslân, wie Emiel Vogels. Hy sil fan 'e middei by dy boekpresintaasje ek in wurdsje dwaan. It Buro sjocht mei him werom op dy hektyske wiken yn 1990.

Yn Memoriam: Hannes Zeinstra

  • Yn Memoriam: Hannes Zeinstra

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat (Jo)Hannes Zeinstra út Boalsert.

It wike-oersjoch

  • It wike-oersjoch

In oersjoch fan it nijs fan de ôfrûne wike, mei ûnder oaren de deadebetinking en it befrijingsfestival.

It nijsfoarum

  • It nijsfoarum

It nijsfoarum bestiet dizze wike út Gerard van der Veer, sjoernalist en programmamakker, Yvonne Bleize, de nije direkteur fan Neushoorn en Lolkje Efdé, fraksjefoarsitter fan de VVD yn Tytsjerksteradiel.
Dizze trije minsken besprekke it nijs fan de ôfrûne wike en gean mei-inoar yn diskusje. Under oaren oer it wol of net betinken fan flechtlingen op 4 maaie, de Mis(s)ferkiezing, skûtsjesilen op de livestream en yntegriteit, nei oanlieding fan de diskusje oer VVD man Henry Keizer.

11:10 - Caro Emerald - That Man
11:25 - Piter Wilkens - Oeral Thus
11:44 - Ramses Shaffy & Liesbeth List - Aan De Andere Kant Van De Heuvel
12:10 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
12:18 - Twarres - Fugelfrij

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)