Buro de Vries fan 7 juny 2020 11:00

    Yn Buro de Vries op 7 juny it ferhaal fan Lizabeth Dijkstra. De Friezinne wennet 3,5 jier yn New York. Se promovearret dêr yn de filosofy. Mei har skôgje we oer de tastân yn de Feriene Steaten. Protesten tsjin rassisme, en hoe giet it mei it coronafirus.

    We helje in frisse noas mei de nije haadredakteur fan it Frysktalige tiidskrift De Moanne. Amarins Geveke is ambisjeus. Se wol dat it blêd rillevanter wurdt en mear lêzers oan har bynt.

    We wiene op de iepening fan de skûtsjetentoanstelling yn it skipfeartmuseum fan Snits. Mei skippers dûke we de hystoarje yn.

    Yn it nijsfoarum beprate we de aktualiteiten mei Aukje de Vries (twadde keamerlid VVD), Mirka Antolovic (direkteur Tûmba) en Gerrit de Boer(sjoernalist).

    De SKS famylje fan binnen út

    Krekt yn it jubileumjier fan de SKS kin der dizze simmer net om it kampioenskip syld wurde. In tebeksetter foar de 75-jierrige organisaasje dy't tal fan jubileumaktiviteiten op poaten set hat. Sa soe der dizze moanne syld wurde om de jubileumbokaal. Krekt dit wykein is besletten om dy wedstriden te ferskowen nei septimber, yn de hoop dat der dan wol syld wurde kin. In jubileumaktiviteit dy't wol trochgiet is in tentoanstelling yn it Frysk skipfeartmuseum yn Snits. In tentoanstelling mei foto's út de famyljealbums fan de skûtsjefamyljes. It Buro wie der fannewike by doe't ferskate SKS-skippers by de iepening by de foto's del giene. Oan it wurd komme Gerhard Pietersma, Johannes Meeter en Auke de Groot fan it súdwesthoekskûtsje dy't fuortdaliks famylje fan him herkende op ien fan de foto's: 

    Wy ha it Frysk skipfeartmuseum noch frege nei dy opmerking fan Johannes Meeter oer dat der gjin foto's fan de famylje Meeter te sjen binne. Dat komt troch in misferstân en troch de coronatiid, werby't alles tillefoanysk regele wurde moast, is it ek net op tiid opmurken. Der sil sa gau as mooglik noch foto's fan de Meeter famylje taheakke wurde oan de útstalling.

    Lizabeth Dijkstra

    Lizabeth Dijkstra út Hitsum wennet yn New York. Se promovearret yn de filosofy op morele ferantwurdelikheid fan de minsk yn relaasje mei keunstmjittige yntelliginsje.Yn Buro de Vries har ferhaal oer rassisme, protesten, Trump en corona.

    It wike-oersjoch

    Alle wiken it nijs fan de ôfrûne wike troch de eagen fan de presintator.

    Yn Memoriam

    Alle wiken betinkt Cor Waringa in Fries of Friezinne dy't koartlyn stoarn is. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Anna Schuurman

    11:09 - Kirsty Maccoll - In These Shoes
    11:27 - Feetwarmers - Rooie Star
    11:41 - Tanita Tikaram - Good Tradition
    12:08 - Travis - Why Does It Always Rain On Me
    12:17 - Ronan Keating - Little Thing Called Love

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)