Buro de Vries fan 7 jannewaris 2018 11:00

* Muzyk en gedichten mei Beart Oosterhaven * De dream fan Reiny van der Vegt * YM Foeke de Jong * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Hendrik Terpstra en Renze Lolkema*
Presintaasje: Geartsje de Vries.

Gedichten en muzyk mei Beart Oosterhaven

Beart Oosterhaven is taalkundich en muzikografysk meiwurker oan de Fryske Akademy te Ljouwert. Hy publisearre yn novimber syn tredde dichtbondel: "Koarde fan de tiid". In bondel mei gedichten en oersettingen fan lietteksten.

De dream fan Reiny van der Vegt

De wichtichste dei fan jo libben op in gammel stuoltsje; of in oangripende taspraak mei in fluitsjende lûdsynstallaasje... Hast elkenien ken it wol dat it krekt misgiet op mominten dy't jo net oerdwaan kinne. Dat soe oars moatte, dreamt Reiny van der Vegt fan Hurdegaryp. Har dream is in mienskipsgebou foar bysûndere mominten as berte, houlik, jubilea en soksawat. In dream dêr't se hurd oan wurket om him wier te meitsjen. Dat docht bliken as it Buro har treft.

http://www.hetheelal.nu/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Foeke de Jong.

Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Renze Lolkema en Hendrik Terpstra

It nijsfoarum besprekt it nijs fan de ôfrûne wike. It giet dan ûnder oaren oer trije manlju dy't yn opspraak kamen: Camiel Eurlings, rapper Boef en PvdA-er William Moorlag.

It wike oersjoch

Inkele opfallende saken út it nijs fan de ôfrûne wike.

11:07 - Roger Glover - Love Is All
11:39 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
11:42 - First Aid Kit - My Silver Lining
11:53 - Zucchero Fornaciari - Il Volo
12:08 - Limahl - Never Ending Story
12:15 - Ed Sheeran - Shape Of You
12:57 - Portugal The Man - Feel It Still

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)