Buro de Vries fan 7 febrewaris 2021 11:00

    It sukses fan Frisian Motors: it fabryk foar elektryske weinen yn Waskemar;

    Kuierje mei in praatsje;

    It wykoersjoch;

    It Nijsfoarum mei Anne-Goaitske Breteler en de Fryske keamerkandidaten Romke de Jong (D66) en Herman Nota (50plus)

    De kuiergroep fan De Klomp

    Alle tiisdeis 13.00 oere presys stean se klear: de kuiergroep fan moetingssintrum De Klomp yn Ljouwert. Jos Blauwhuis en de rinners meitsje dan in rûntsje fan likernôch in oere troch de omjouwing. De groep is leechdrompelich en bedoeld om efkes de doar út te wêzen en út it isolemint te kommen. Der wurde gjin swiere petearen fierd, it is gewoan gesellich. Yn coronatiid ekstra wichtich omdat minsken yn kwetsbere posysjes it noch dreger hawwe om der út te kommen. De wrâld wurdt noch lytser en iensumens loert om 'e hoeke. It groepke is wol lytser as oars, want mei de coronamaatregels is it net mooglik om mei in grutte groep te rinnen en guon doare it ek net omdat se benaud binne om besmet te reitsjen.

    André is ien fan de minsken dy't der alle wiken is. André hat autisme en wennet yn Ljouwert. De kuiergroep jout him fertrouwen en struktuer. Oare dingen kinne no net safolle mear, lykas syn grutte hobby jeu de boules spylje. Hy komt altyd foldien werom fan de kuier. Romy is ek fêst fan de partij. Romy komt út Iran en rint mei om út isolemint te bliuwen. Yn de coronatiid kin hy in soad dingen net mear dwaan dy't hy sa graach dwaan wol. Hy is ek wol frijwilliger en hâldt fan keunst, mar fielt him troch de coronamaatregels ek geregeld down. Troch de kuier wurdt hy blier. Hy fertelt hûndertút oer de wyk Schieringen-Heechterp dêr't hy wennet. Der hinget sels in keunstwurk fan him. 

    Neffens Jos Blauwhuis dy't as professional mei de groep rint is sa'n kuiergroep fan grut belang. It hellet de minsken efkes út harren iensumens en der komme soms ek saken oan de oarder dêr't se letter yn in ien op ien petear op weromkomme kin mei dy persoan. De minsken dy't no net mear meirinne, bellet se geregeld. Se makket har wol soargen oer de groep kwetsberen dy't no eins net mear de doar út komme. 

    Alle trije hoopje se dat corona foar de simmer foarby is. André fanwege syn jeu de boules en Romy fanwege de festivals dêr't hy as frijwilliger oan de slach is. "Daar kijk je het hele jaar naar uit en als het dan weer niet doorgaat dan is dat heel erg jammer". Ek kinne se dan wer in bakje kofje of tee drinke nei ôfrin fan de kuier want ek dat kin no fanwege de corona net. "Want it bakje tee, dat is fansels dêr't we foar rinne", seit Jos Blauwhuis laitsjend. It rinnen giet lykwols gewoan troch, "Waar of gjin waar en corona of net, wy rinne gewoan troch."

    It sukses fan in Fryske autobouwer: "Sels Pieter van Vollenhoven en prinses Margriet ride der yn!"

    Jo wisten it miskien net mar ek Fryslân hat syn eigen autofabryk. Yn Wakemar stiet it fabryk fan Frisian Motors. Se binne der ea begûn mei elektryske sit-meanders, mar rjochtsje har no hast folslein op de bou fan elektryske transport-weintsjes. Direkteur Theo de Jong onskriuwt it sa: "Dêr't de golfkarkes ophâlde, begjinne wy." En om it Fryske karakter te ûnderstreekjen binne de type-nammen sels ûntliend oan ferneamde Fryske hynsten: de Leffert, de Norbert en de Rimmert.

    De lêste jierren giet it as in spear. De sifers binne ferdûbele en de fraach nimt allinnich noch mar ta, ek út België en Dútslân. Yn 2020 rôlen sa'n 150 op maat makke Lefferts  fabryk út. Dy giene benamme nei terreinbehearders as Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer, mar se binne ek populêr by festivals, rekreaasjeparken en ek hieltyd mear by partikulieren, lykas Pieter van Vollenhoven en prinses Margriet.

    Fan dy stoere off-road edysje komt meikoarten ek noch in stedske fariant. Dy is spesjaal bedoeld foar it emisjefrij besoargjen fan bygelyks iten en pakketten yn grutte binnenstêden, de saneamde 'last mile delivery'. Foar de hobby boude De Jong mei sukses ek noch in VW Kever út 1968 om mei syn systemen. En ek dy rydt dus no op stroom.....

    It oersjoch fan 'e wike

    De ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster...

    It Nijsfoarum

    It Nijsfoarum hjoed mei

    publisiste Anne-Goaitske Breteler (oer de tillefoan)  en yn de studio de Fryske keamerkandidaten:

    Romke de Jong (D66) en

    Herman Nota (50plus)

    11:07 - Tim Knol - Sam
    11:48 - Jaap Louwes - Ast It Mar Mienst
    11:52 - Theo Nijland - Langs Het Tuinpad

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)