Buro de Vries fan 7 desimber 2014 11:00

*natoerman Anne Gersjes fan Rûgehuzen * komponist Richard Hageman * Cor Waringa betinkt Leny Vaartjes-Mulder * Sjouke Lousma is ûnderweis * it Nijsfoarum oer û.o. wynmûnen en De Sionsberg * kollum fan Bart Kingma * ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Oer natoerman Anne Gersjes fan Rûgehuzen is in boek útkaam

Zwanger van de Hazen is de titel fan in boek oer streuper, jager en natoerbehearder Anne Gersjes fan Rûgehuzen. It is ferline wike ferskynd.
Yn 25 ferhalen sjocht Anne Gersjes werom op syn libben yn Rûgehuzen en yn de bosken fan Gaasterlân.
Ferhalen oer earmoede, oer breajagers, oer de keunst fan de jacht en ek oer de wolfeart fan hjoed-de-dei en oer tsjustere bosken dêr't je hast gjin bisten mear tsjinkomme.

It boek Zwanger van de hazen is te krijen by de Brunaboekhannel yn Balk, boekhannel Muizelaar yn Koudum, bakkerij Twynstra yn Aldemardum en online by de útjouwer:
www.degrintfisker.nl

Cor Waringa betinkt it libben fan Leny Vaartjes-Mulder

Buro de Vries betinkt it libben. Alle wiken fertelt Cor Waringa oer it libben fan in ferstoarne. Dizze kear Leny Vaartjes-Mulder.

Komponist Richard Hageman

Moarn sette de Heak-dagen útein: 10 dagen aktiviteiten op en om it nije asfalt fan de Heak om Ljouwert. En oan de ein, 18 desimber, de offisjele iepening fan de nije rûnwei om Ljouwert. Ien fan de aktviteiten is in pianokonsert yn it akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal by Ritsumasyl: it Richard Hageman-akwadukt. Mar wa wie dizze Richard Hageman?

Frâns Douwe Slot iepenet kommende tongersdei it konsert mei muzyk fan Richard Hageman. It konsert wurdt fierder fersoarge troch de Súd-Afrikaan Nico de Villiers. Mear ynformaasje is te finen op www.vrijbaan.nl

Sjouke Lousma is ûnderweis

Sjouke Lousma is ûnderweis yn Fryslân. Dizze kear yn Boazum, dêr't er Santema treft. Se hawwe it ûnder oaren oer it leauwen.

De kollum fan Bart Kingma

Televyzjemakker en regisseur Bart Kingma skriuwt kollums foar tydskrift 'de Moanne' én foar Buro de Vries.
Syn kollum is dizze kear rjochte oan Brouwer, foarsitter fan de medyske stêf fan De Sionsberg.

It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne tiid

Op de earste snein fan de moanne praat it nijsfoarum ûnder lieding fan René Koster oer it nijs fan de ôfrûne tiid. De wynmûnen en it fallyt fan De Sionsberg sille op it aljemint komme. Mar ek ûnderwerpen as Sinterklaas, Bram Moszkowicz en de asylsikers yn Riis kinne foarby komme. It foarum begjint altyd mei it eigen, persoanlike nijs fan de foarumleden.
De fêste foarumleden binne ûndernimmer Wini Weidenaar en Romke Postma, wethâlder yn Dantumadiel. Fierder skoot Klasina van der Werf oan. Sjoernalist by de Dokkumer Krante en as sadanich tige op de hichte fan al it nijs om De Sionsberg hinne.

Ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Nyk de Vries mei syn ultrakoarte ferhaal 'Wâldpyk yn Grins'.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)