Buro de Vries fan 7 april 2019 11:00

    Jan van Olfen en Wyp Feddema sieten tegearre jierrenlang yn de gemeenteried fan Ljouwert. Polityk sjoen stean se fier fan inoar ôf, mar persoanlik kinne se it hiel goed fine. Tegearre foarmje se no in soarte fan ombudsteam om benammen âlderen te helpen har paad te finen yn de jungle fan regeljouwing.
    Omrop kollega Bauke Deelstra en syn frou Evie emigrearje nei Albanië om dêr sendingswurk te dwaan. In bysûnder inisjatyf dat hjoeddedei net folle mear foarkomt.
    Yn Memoriam: Hinke Koopmans - Kootstra
    En yn it nijsfoarum nimme plak: Sebastiaan Wolswinkel, Aant Jelle Soepboer en Aukje de Vries

    Ombudsteam Feddema en van Olfen

    Se wiene de nestors yn de polityk. Wyb Feddema fan de VVD en letter Gemeentebelangen en Jan van Olfen fan de PvdA en letter Feriene Lofts. Yn it post politike tiidrek binne se no tegearre mei in ombudsteam begûn. Om benammen âldere minsken yn Ljouwert te helpen it paad te finen yn de jungle fan de soarch. Se hawwe it der drok mei. Sa'n 80 minsken yn 'e moanne sykje kontakt. Simone Scheffer praatte mei de mannen oer harren driuwfearren en wat se tsjinkomme.

    Bauke en Evie nei Albanië

    Albanië. Net echt in lân dêr't de measten fan ús geregeld komme. Mar foar Bauke en Evie Deelstra fan Drachten jildt dat net. Sûnt 2010 komme sy der al en no sille se der sels hinne te wenjen. As moderne 'sendelingen' wolle se dêr it bliid boadskip bringe dat har beiden sa motivearret. Earder fannewike troffen we se thús, mei de tafel fol boeken en souvenirs út it noch altyd wat mysterieuze Albanië...

    Mear ynformaasje oer it projekt fan Bauke en Evie Deelstra en hoe't jo harren stypje kinne, is te finen op www.ecmnederland.nl/deelstra

    Yn Memoriam: Hinke Koopmans-Kootstra.

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Hinke Koopmans-Kootstra.

    It wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike.

    It nijsfoarum mei Aukje de Vries, Sebastiaan Wolswinkel en Aant Jelle Soepboer

    It nijsfoarum diskussearret oer saken dy't yn it nijs binne. Oan 'e oarder komme:

    - de sluting fan it Dockinga kolleezje yn Ferwert

    - de kolleezjefoarming fan Deputearre Steaten

    - 2 moanne lang betelle âlderskipsferlof

    - Bargeboer yn Himmelum mei net útwreidzje

    - Hoe komt it mei de Brexit

    11:09 - Lewis Capaldi - Someone You Loved
    11:26 - Ilse Delange - I'm Not So Tough
    11:45 - Gurbe Douwstra - Thus
    12:09 - King - Love And Pride

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)