Buro de Vries fan 7 april 2013

Yn dizze Buro de Vries ûnder oare: in waarkundige, seefdruk op stof, hynders yn Bears wolle de folkstún oernimme en direksjefoarsitter fan WoonFriesland, Sigrid Hoekstra.

Eolus raast oer de see

Eolus raast oer de see. Tjarda Wigmans fan Boer, is meteorologe. Silers of skippers kin har advizen goed brûke. Neist har wurk bij de marine jout se de basiskursus Meteorology foar wettersporters; 27 april 10:00 - 17:00 oere, yn de Mariatsjerke yn Boer. Mear ynformaasje op: www.eolus.nl

YM

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Dirk Kok.

Seefdruk op stof

Seefdruk is in âlde druktechnyk. It bekendste foarbyld fan in byldzjend keunstner dy't de seefdruktechnyk foar syn wurk brûkt is Andy Warhol. De technyk wurdt meast brûkt by it drukken fan affysjes of tekstyl. Dat lêste wurdt dien troch Nynke Runia. We sochten har op yn har altelier yn Blije.
Sjoch foar mear ynformaasje op har site; www.kleine-lijn.nl

Underweis (1660)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Fan 'e moarn: Yn Bears ha se ferlet fan minsken dy't in folkstún hiere wolle, oars nimme de hynders fan Wiepke van de Lageweg it oer.

Kollum

De wyklikse kollum komt hjoed fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma.

'It âlde bestjoeren is foarby'

Sigrid Hoekstra is direksjefoarsitter fan WoonFriesland, de grutste wenningkorporaasje fan Fryslân. Wenningkorporaasjes lizze yn de publike opiny swier ûnder fjoer. Se smite mei jild, sette it ferkeard yn en ha bestjoerders dy't bergen fertsjinje. It Buro is benijd nei Sigrid har miening hjiroer. Fierder in petear oer froulju yn de top en har persoanlike ambysjes.

Minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsje fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Grientekarre.
http://www.nykdev.nl/

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)