Buro de Vries fan 6 septimber 2020 11:00

    * Studiogast: Meindert Reitsma, literatueradviseur Frysk
    * "Freonskip: "Bekende Friezen en harren bêste freon" (2013)

    Studiogast Meindert Reitsma

    Giet it no goed mei it Frysk of just net? It is snein ien fan de saken dy't oan bar komme yn it radioprogramma Buro de Vries, dêr't Meindert Reitsma dan in oere te gast is. De 26-jierrige Reitsma is literatueradviseur Frysk by Tresoar, it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum yn Ljouwert. Reitsma helle syn master Europeeske Talen en Kultueren, mei it Frysk as haadtaal, oan de Ryksuniversiteit fan Grins en hy skriuwt ferhalen en resinsjes. Yn Grins siet er yn it bestjoer fan de eardere stúdzjeferiening Skanumodu en letter waard er foarsitter fan de stichting mei deselde namme, dat it ynternettydskrift Skanumodu oprjochte. Fierders is Reitsma aktyf by tal fan organisaasjes om de Fryske taal hinne. Dêrnjonken is er ek belutsen by de kristlike scoutinggroep Burmania en brassband Wurdum.

    Oer himsels skriuwt hy:

    "Fan wat lyts wat gruts meitsje. Dat is wat ik myn libben lang al doch en wat ik yn de takomst graach dwaan bliuwe wol.
    Berne yn in lyts doarp, haw ik studearre yn Grins en wenje ik no yn Ljouwert. Dat jout my de mooglikheid om yn in breder ferbân te sjen nei projekten op in lytsere skaal en dan benammen op it mêd dêr't myn passy leit: it Frysk. Ik lit myn tûken groeie, mar ik ferjit myn ferankere woartels yn de klaai net. It is krekt dy klaai dy't de meast fantastyske dingen fuortbringt op ûnder oare it mêd fan skiednis, muzyk, ûndersyk én literatuer. Dy literatuer hat my grypt en noait wer loslitten. Wat my grypt hat, wol ik fol entûsjasme oan de rest fan de wrâld sjen litte. Mei each en ear en foaral hert foar de oar besykje ik dat oer te bringen.
    Sá wurdt wat lyts wat gruts."

    11:08 - Bonnie Raitt - One Belief Away
    11:55 - Wiebe - Swart Op Wyt

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)