Buro de Vries fan 6 septimber 2015 11:00

* Nij bloed foar de wetterhûn * Ofskie fan kommandant-kolonel Gerbe Verhaaf * Binnen sjen yn De Planteur * Kollum Tjalling van der Goot * Nije rige: Us Doarp * YM Jelle Twijnstra * Sjouke Lousma ûnderweis *

Nij bloed foar de wetterhûn

De wetterhûn is krekt as de stabij in echte Fryske hûn en kin rekkene wurde ta de Fryske kultuerhistoarje. Omdat it stamboek sletten is, is der al jierren in probleem mei de wetterhûnpopulaasje: der is in soad yntylt en dat soarget foar sykten en in ferswakking fan it ras.
De NVSW - de Nederlandse Vereniging voor Stabij- en Wetterhûnen - hat nei jierren diskusje in oantal maatregels nommen om dy delgong te kearen. Oare hûnerassen sille ynkrúst wurde. Sa hat de Fryske fokker Limmie van der Woude ferline jier desimber in nest wetterhûnen krigen dy't krúst binne mei in grutte poedel. Dêr wurde ien of twa pups útsocht dêr't fierder mei fokt wurdt. Nei trije generaasjes sille de skaaimerken fan de grutte poedel der út wêze, sa is de ferwachting en is der nij bloed ynfokt. Boppedat wol de NVSW besykje om net registrearde wetterhûnen yn it stamboek op te nimmen. Op 12 septimber is der in oankeuringsdei. Minsken dy't in wetterhûn ha dy't net opnommen is yn it stamboek, kinne har wetterhûn dêr keure litte. Ynformaasje is te finen op harren site: www.nvsw.nl

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jelle Twijnstra, earder feehâlder op Iemswâlde.

Binnen sjen yn De Planteur

Nije wike sneon - 12 septimber - is it wer iepen monumintedei. Ek yn Ljouwert kinst dan wer âlde huzen en gebouwen besjen. Ien fan dy huzen is De Planteur, it hûs boppe de eardere sigaresaak fan Stoffels op It Naauw. En lit dêr no krekt ús ferslachjouwster Froukje Sytsma sûnt in pear moanne wenje. Om nije wike de besikers wat fertelle te kinnen noege se twa saakkundigen út: Klaas Regts en Henk Olij, fan it Histoarysk Sintrum yn Ljouwert.

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út. Hjoed treft er by Dronryp in dowetrainer.

De kollum fan Tjalling van der Goot

De kollum komt hjoed fan Tjalling van der Goot, advokaat by Anker & Anker.

Gerbe Verhaaf

Op de fleanbasis Ljouwert is ferline wike ôfskied naam fan de kommandant kolonel fleaner Gerbe Verhaaf. Hy is opfolge troch Denny Traas. Verhaaf hat trije jier de heechste baas op de fleanbasis west en set no ôf nei Den Haach. It wiene trije swiere jierren. Doe't Verhaaf begûn stie de polityk op it punt de fleanbasis te sluten. No wurdt der de kommende tiid 100 miljoen euro ynvesteard. Ferslachjouwer Hayo Bootsma makke mei Verhaaf in slach oer de fleanbasis. In basis dêr't hy him thúsfielde.

Us Doarp

Hoe komt it mei de doarpen yn Fryslân? Doarpen dy't har skoallen ferlieze, dêr't de lêste winkel slút en de bus al lang net mear komt. Dy doarpen. Of is it hiel oars en brûst it dêr krekt, om't se harsels op 'e nij útfine. It Buro dûkt de kommende tiid yn it doarpslibben. Hjoed earst mar ris nei Raerd, nei de stifting Doarpswurk.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)