Buro de Vries fan 6 oktober 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Fred van Vliet earet syn pleechâlden én syn biologyske âlden

    Oant syn 50ste woe hy der net oer prate, Dat hy Joadsk wie, dat hy einlik Alfred Schachner hiet en dat syn echte âlden omkommen wiene yn Auschwitz. No fynt Fred van Vliet fan Harns it wichtich om it ferhaal te fertellen. Hoe't er de oarloch oerlibbe en hoe't er as poppe by de famylje Van Vliet fan Snits ûnderdûkt is. It Snitser pear krige 25 septimber postúm de Yad Vashem-ûnderskieding fan de steat Israel. Buro de Vries tekene it bysûndere libbensferhaal fan Fred van Vliet op. 

    It nijsfoarum

    Yn it nijsfoarum beprate we de saken dy't dizze wike spilen yn ús provinsje en fierder yn de wrâld. 

    Dizze snein binne dat de fraksjefoarsitter fan de Partij voor de Dieren, Rinie van der Zanden, Mirjam Bakker, riedslid foar D'66 yn de gemeente Súdwest-Fryslân en Aant Jelle Soepboer. Hij is riedslid foar de FNP yn Noardeast-Fryslân en dosint skiednis.

    Wat fine de foarumleden fan de boere-aksjes, hoe sjogge se nei de Haagske krisis en hat Prins Harry gelyk mei syn offensyf tsjin de roddelparse? Dat en mear saken komme oan de oarder.

    Oargels yn Fryslân fan nei '45

    Yn it boek 'Orgelbouw na 1945 in Friese kerken' beskriuwt de ferneamde oargelist Theo Jellema de -relatyf- jonge oargels yn ús provinsje. Earder makke de legendaryske Jan Jongepier al in boek oer de âldere Fryske oargels en mei dizze útjefte fan de stifting Organum Frisicum is it oerjoch dus folslein. En dat koe it ek wolris bliuwe, want de kâns dat der noch in soad nije oargels foar Fryske tsjerken boud wurde sille, is net sa grut.Jellema makket him der eins net sa drok om, al fynt er it wol spitich. "Fioelen wurde der ek net mear in soad makke, mar noch wol in soad bespile". Ien fan de oargels dy't Jellema mei leafde en respekt beskriuwt, is dat fan de PKN-tsjerke 'Nieuw Perspectief' yn Hurgegaryp. It Buro spruts de auteur by it oargel....

    Yn Memoriam

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Gepke Mulder.

    It wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    11:07 - Sweat Blood & Tears - Lisa Listen To Me
    11:23 - Elske Dewall - Dunsje My De Leafde Ut
    11:39 - Vaya Con Dios - What's A Woman
    11:50 - Animals - House Of The Rising Sun


    12:08 - Joe Cocker - The Simple Things
    12:18 - Avicii Ft. Chris Martin - Heaven

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)