Buro de Vries fan 6 jannewaris 2019 11:00

    * hoarding: dwangmjittich sammeljen. Wêrom docht immen dat? * YM: * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Trienke Elshof,

    Wopke syn hûs stiet fol mei guod: "Ik wol ek wol geryflik wenje"

    Der komme hieltyd mear 'hoarders' yn ús lân. Hoarders binne minsken dy't net, of hiel min, harren guod fuort dwaan kinne en hûs en hiem faak fol stean ha. Sûnt 2013 wurdt dizze stoarnis as in offisjele stoarnis erkend. Neffens psycholooch Irma van Steijn kin hoarding net genêzen wurde, mar kinne de minsken wol goed holpen wurde. Jeanet Regnerus is in helpferlienster dy't har mei dizze problematyk dwaande hâldt. It Buro gie mei Jeanet mei doe't se op hûsbesite wie by Wopke.

    Yn Memoriam: Klaas Cats ('kapper Cats')

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat 

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op it nijs fan de ôfrûne wike.

    It nijsfoarum mei Trienke Elshof, Aant Jelle Soepboer en Fred Veenstra

    It nijsfoarum diskussearret oer it nijs fan de ôfrûne wike.

    Hoe moatte we as maatskippij om gean mei fjoerwurk no't dat hieltyd mear út de hân rint?

    Wat is it advys oan boargemaster Krikke fan Den Haach? Hoe moat se om gean mei de freugdefjoeren op it stân fan Scheveningen?

    3% mear BTW op griente en fruit.... wat fynt it foarum fan dy maatregel?

    11:07 - James Taylor - Little More Time With You
    11:42 - Bricquebec - Dyn Stapke
    12:09 - Toto - Africa
    12:18 - Bruce Springsteen - Secret Garden

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)