Buro de Vries fan 6 augustus 2017 11:00

11:00-12:00 oere: Peareltsjes út it argyf mei dizze kear: Froukje en har stifting foar ûnderwiis yn Nepal en it drama fan Gerda Tolk.
12:00-13:00 oere: Ferhalen fan it Waad
De folsleine útstjoering wurdt sneintejûn werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

Ferhalen fan it Waad: Joop Mulder

  • Ferhalen fan it Waad: Joop Mulder

Joop Mulder is dit kear ús gast yn de rige 'Ferhalen fan it Waad". Mulder naam earder dit jier ôfskie fan 'syn' Oerol, mar stil sitte kin hy net. Hy byt him no fêst yn it projekt Sense of Place. It wurdt in kulturele rûte by de hiele Waadkust del. Buro de Vries trof Joop Mulder boppe-op de seedyk, eagjend oer it Waad. En doe kamen de ferhalen fansels.

Froukje en har stichting foar ûnderwiis yn Nepal

  • Froukje en har stichting foar ûnderwiis yn Nepal

17 jier lyn rjochte Froukje Nijholt fan It Hearrenfean de stichting Studenten- en Musaharproject Nepal, koartsein de SMPN, op. In stichting dy't ûnderwiis foar safolle mooglik Nepaleeske bern tagonklik meitsje wol. Nepal is yn 2015 troffen troch in ierdbeving en alle skoallen opboud troch de stichting leinen yn pún. Ferslachjouwer Gerrit de Boer reizge ôfrûne hjerst mei Froukje Nijholt mei nei Nepal om te sjen oft it jild foar de weropbou fan dy skoallen goed te plak kommen is.

It drama fan Gerda Tolk

  • It drama fan Gerda Tolk

Stel, je bin as frou trouwd met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke. Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Oardel jier lyn gongen we mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 36 jier lyn allegear ôfspile.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)