Buro de Vries fan 6 april 2014, 11:00

* Reeën spotte yn de Alde Feanen * Joadske famyljes yn Ljouwert * Politikolooch Meindert Fennema * Kollum Bert Looper * YM * Underweis * Minút fan Nyk *

Reeën spotte: kinst net stil genôch wêze

  • Reeën spotte: kinst net stil genôch wêze

Takom wike kin je mei it Fryske Gea, op har stille boat op sinne-enerzjy, reeën spotte yn de Alde Feanen. Fan Jan de Boer krigen we ôfrûne wike alfêst in foarpriuwke.
It reeën spotte fan it wetter ôf kin dizze wike op tiisdei-, woansdei- en freedtejûn. Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.itfryskegea.nl/Excursies-activiteiten/

YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Age Brandsma fan Stiens.

Dûnsskoalle Leviet yn Ljouwert

  • Dûnsskoalle Leviet yn Ljouwert

Foar de oarloch wie der yn Ljouwert in bloeiende Joadske mienskip. Yn de huzen dêr't se libben en wurken, wenje no oare minsken. Mar alle huzen bewarje harren ferhaal. Op 4 maaie wurde ferskate huzen iepensteld en kin je harkje nei de histoarje fan dizze Joadske famyljes. Hjoed de earste yn in rige fan fjouwer ôfleverings. Sjaak de Vries wennet yn de Grutte Tsjerkstrjitte op nûmer 71, de eardere dûnsskoalle Leviet.

Sjoch foar mear ynformaasje op http://www.openjoodsehuizen.nl/
Takom wike sjogge we yn it eardere hûs fan de Joadske famylje De Jong oan 'e Spanjaardsleane.

Sjouke Lousma ûnderweis (1697)

  • Sjouke Lousma ûnderweis (1697)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De meining fan ... Bert Looper

  • De meining fan ... Bert Looper

Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar.
www.tresoar.nl

'Ik bin der op tsjin de wrâld yn twa kampen te ferdielen'

  • 'Ik bin der op tsjin de wrâld yn twa kampen te ferdielen'

De wrâld fan Fryske anargistyske drankbestriders en dy fan de koloniale Indo's, botst hevich yn de roman 'Het Slachthuis' fan Meidert Fennema. Fries om utens Fennema is emeritus-heechleraar politikology, biograaf fan Geert Wilders en kollumnist foar de Volkskrant. Yn syn sterk biografyske roman 'Het Slachthuis', spylje syn Fryske woartels in wichtige rol. Ek om't er yn syn jonge jierren hast alle simmers by pake en beppe yn Winaam trochbrocht. It Buro gie mei Fennema werom nei Winaam foar in petear oer Fryslân, botsende kultueren, en ferskowend ynsicht.

Syn boek Het Slachthuis is ferline jier útbrocht by útjouwerij Prometheus yn Amsterdam.

De minút fan Nyk

  • De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: V.V. Noardburgum.
http://www.nykdev.nl/

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)