Buro de Vries fan 5 novimber 2017 11:00

* Henk Gemser * Greidehert * YM Lubbert Cuperus * Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Jan Jitse Visser en Matthijs Sikkes-Van den Berg. Presintaasje: René Koster.

'Ik hie mei him ûnderdûke moatten'

Fia de telefyzje kamen yn 1967 bylden fan in ferskriklike hongersneed yn Biafra yn de wenkeamers. Deasike bern mei aaklik tinne skonken en dikke opblaasde búkjes. Tsien fan harren waarden nei Nederlân ta helle. Asuquo, in jonkje fan tusken de 6 en 9 jier, kaam yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem omdat er in slimme wûne oan syn skonk en swiere epilepsy hie. Annie Gemser, de frou fan Henk Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard hy opnommen yn de húshâlding. Nei trije jier kaam fan hegerhân it befel dat Asuquo werom moast. Henk en Annie Gemser ha gehoar jûn oan dat befel en Asuquo gie werom nei Biafra, dat ûnderwilens Kongo hiet. Nei in healjier krige de famylje Gemser it berjocht dat Asuquo ferstoarn wie.
Sjoernaliste Marie Louise Schipper socht út hoe't it no mei de tsien bern is dy't doetiids nei Nederlân kamen. It boek is op 4 novimber dit jier presintearre en hat de titel 'Goede bedoelingen, de onvoorziene gevolgen van internationale noodhulp' krigen. It is opdroegen oan Asuquo.

Greidehert: Ofskie fan Littenseradiel.

De gemeente Littenseradiel rint op 'e ein, 1 jannewaris bestiet se net mear. Se wurdt yn trijen splitst en ferdield oer de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Wybo Smids en Tsjerk Kooistra meitsje in ôfskiedsfoarsetlling. Gjin tryst barren, mar in belibbenis om Littenseradiel te fieren. Greidehert wurdt yn desimber 4 kear spile yn Winsum. Fierders krije alle húshâldens yn Littenseradiel in boek, mei ferhalen út de gemeente fan 1984 oant 2017, it tiidperk dat Littenseradiel bestie.

Mear ynformaasje fine je op: http://www.littenseradiel.nl/frysk/ofskie-ynwenners_42722/

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Lubbert Cuperus, de âld dam-master fan Wytmarsum. 

Oersjoch fan de wike

Dizze wike makke troch René Koster.

Nijsfoarum mei Trienke Elshof, Jan Jitze Visser en Matthijs Sikkens.

We beprate it nijs fan de ôfrûne wike mei Trienke Elshof (LTO-Noord), Jan Jitse Visser (CDA Dantumadiel) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GriensLinks Fryske Marren)  

11:07 - Charlie Puth - Attention
11:27 - Wind Earth & Fire - Star
11:53 - Connells - '74 - '75
12:08 - Rick Astley - Never Gonna Give You Up
12:15 - Anne-Marie - Heavy

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)