Buro de Vries fan 5 maart 2017 11:00

    * De stimwizer mei makeler Jaap Kingma * Titus Sijmonsma nimt ús mei op syk nei de foks * YM Jelle Snip * Nijsfoarum mei Martin Hendriks, Wini Weidenaar en Ultsje Hosper.
    Presintaasje: René Koster.

    De stimwizer mei Jaap Kingma

    • De stimwizer mei Jaap Kingma

    Woansdei 15 maart meie we stimme foar de Twadde Keamer. Mar op wa, op hokker partij? In soad minsken folle de 'stemwijzer' yn om in idee te krijen wat se stimme wolle. It Buro follet kommende wiken ek de stimwizer yn en docht dat net allinne. Dizze snein mei Jaap Kingma.

    "As in foks by je yn de buert bliuwt is der wat mis"

    • "As in foks by je yn de buert bliuwt is der wat mis"

    Fryske jagers wurkje mei oan in ûndersyk om ynfeksjesykten op te spoaren by foksen. Fan foksen dy't se dizze moanne sjitte, nimme se ferskillende meunsters ôf. No soe ik net witte wêr't ik in foks fine moat. De foks yntrigearret ús hjir wol. Der wurdt sein dat der mear as genôch hjir binne, mar ik sjoch se noait.
    Wêr fyn ik de foks, en werom sa'n ûndersyk? Tiid om op 'en paad te gean mei Titus Sijmonsma fan de jagersferiening.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jelle Snip.

    Nijsfoarum mei Albert Hendriks, Ultsje Hosper en Wini Weidenaar

    • Nijsfoarum mei Albert Hendriks, Ultsje Hosper en Wini Weidenaar

    11:07 - Waylon - Lose It
    11:42 - Colin Blunstone - I Want Some More
    11:53 - Chieftains - Down The Old Plank Road


    12:09 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
    12:17 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)