Buro de Vries fan 5 maaie 2019 11:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Foppe Dupon (96) en Jack Kooistra (89) meiinoar ferbûn troch 'sadist' Kotälla

    De 96-jierrige Foppe Dupon fan Garyp makke Joseph Kotälla mei doe't er yn de oarloch gefangen siet yn kamp Amersfoort. Nazi-jager Jack Kooistra moast Kotälla bewake doe't er in libbenslange gefangenisstraf útsiet yn de koepelgefangenis yn Breda. Begjin dit jier leare beide manlju inoar kennen. De "beul fan Amersfoort", ferbynt harren. 

    Yn Memoriam: Pieter Terpstra

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gerrit Timmermans

    Droppingfjild Wardrobe

    Droppings yn de Twadde wrâldoarloch wiene wichtich foar de befrijing fan ús provinsje. Ien fan dy droppings fûn plak yn natoergebiet De Deelen tusken Aldeboarn en De Tynje.Hessel Bouma (78) fan Hoarnstersweach skreaun der dit jier in boek oer dat sneintejûn 5 maaie presintearre wurdt yn de PKN tsjerke fan Aldeboarn. Bouma is amateur histoarikus en hat al mear boeken oer de Twadde Wrâldoarloch skreaun. Hy skriuwt der oer omdat hy de nije generaasjes warskôgje wol.

    "Ik wil waarschuwen tegen de ideologieën van toen, die nu, onder andere benamingen, weer de kop opsteken".

    It ferhaal fan de dropping yn De Deelen is basearre op fynsten fan Bouma yn it argyf fan Tresoar. Hy fûn in eachtsjûgenferslach fan de dropping fan konteners fol mei wapens. Dy fûn plak yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris 1945 en wie heech nedich foar it ferset. Der kamen 14 konteners út de loft fol mei wapens. Dy moasten dêrnei feilich steld wurde. In hiele toer om dat goed en sûnder pakt te wurden te dwaan. Bouma fertelt it ferhaal yn syn boek Droppingveld Wardrobe, sa't de aksje troch de Britten neamd waard.

    Hans Groeneweg dy't dizze wike ôfskied nimt as konservator fan it fersetsmuseum fertelt oer it belang fan de droppings yn Fryslân.

    It nijsfoarum fan 5 maaie

    11:07 - Van Morrison - This Love Of Mine
    11:31 - Mariusz - Yn Frijheid
    11:48 - George Ezra - Pretty Shining People
    12:08 - Billy Ray Cyrus - Achy Breaky Heart
    12:15 - Nelly Furtado - I'm Like A Bird

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)