Buro de Vries fan 5 juny 2016 11:00

    * Iten keapje by de Streekboer * Yn Memoriam: Hielke Kingma * Friezen 'down ûnder' * Sjouke Lousma ûnderweis yn Boksum * Kollum fan Anje Wester-Koopmans * Anja Haga ferruile Fryslân foar Arnhem * Doarpsfeest yn Aldtsjerk/Readtsjerk

    De Streekboer: suksesfol inisjatyf fan jonge ûndernimmers

    • De Streekboer: suksesfol inisjatyf fan jonge ûndernimmers

    De Streekboer. In inisjatyf fan trije jonge ûndernimmers. It motto fan dizze noch jonge organisaasje is: As mienskip kieze foar lokaal iten. Fia de website www.destreekboer.nl kinne konsuminten iten bestelle by lokale boeren. It giet dan om griente, fruit, huning, suvel, fleis en bôle. Der wurdt dalik fia ynternetbankieren betelle en op in fêst momint yn de wike kin it iten ophelle wurde. Dat kin op in sammelpunt (it Hearrenfean, Ljouwert, Snits) of op ien fan de ophelpunten. It Buro bestelde wytlof, asperzjes en farske munt en helle dat fan 'e wike op.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei dy gedachte gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy sprekt alle wiken in Yn Memoriam út. Hjoed eidet hy it libben fan Hielke Kingma oer.

    In nij avontoer yn Nij-Seelân

    • In nij avontoer yn Nij-Seelân

    Kollega Margaretha Bijleveld wie in pear wike lyn op fakânsje 'down ûnder'. Yn Nij-Seelân socht se ek freonen fan har op. Rik Mulder en Margryt Fennema kin se fan har freonegroep út Kollumersweach. Ein ferline jier binne sy nei Nij-Seelân emigrearre

    Sjouke Lousma ûnderweis

    • Sjouke Lousma ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket ûnderweis in praatsje mei minsken dy't er tsjinkomt.

    Kollum

    • Kollum

    De kollum komt hjoed fan Anje Wester, ûndernimster út Earnewâld.

    Anja Haga

    • Anja Haga

    Us Doarp

    • Us Doarp

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)