Buro de Vries fan 5 july 2020 11:00

    Simmerprogramma

    Fan 11:00 oant 12:00 oere werhellingen út it rike Buro de Vries argyf.

    Ferslachjouwers Karen Bies en Annelies van der Goot besykje te oerlibjen yn de natoer sûnder de moderne helpmiddels.

    In reportaazje oer huningbijen en in radiodokumintêre oer en mei stimkeunstner Greetje Bijma.

    Fan 12:00 oant 13:00 in simmergast: Tatiana Pratley

    Simmergast: Tatiana Pratley

    Op 1augustus folget se Ira Judjovskaja op as artistyk lieder fan Tryater: Tatiana Pratley. In Friezinne mei Frâns, Ingels en Poalsk bloed. Nei de regy-oplieding oan de Academie voor theater en dans yn Amsterdam wie se as regisseur belutsen by in pear teäterprojekten yn Fryslân. Yn 2018 kaam se ek wer yn Fryslân wenjen. De35-jierrige Pratley is de earste simmergast fan Buro de Vries, dat dizze simmer tusken tolve en ien oere alle wiken in jonge Fries of Friezinne ûntfangt om te praten oer de bernejierren, ambysjes, driuwfearren en de takomst. 

    11:07 - Peter Malick Group - New York City
    11:21 - Stephanie Struijk - Dromen Van De Zon
    11:44 - Neil Young - Heart Of Gold
    11:53 - Gerbrich Van Dekken - Nei Wytze Ta
    12:24 - Bjork - It's Oh So Quiet
    12:39 - Nynke Laverman - Seis Oere Thus

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)