Buro de Vries fan 5 july 2015 11:00

Dizze simmer yn it Buro: Jubilarissen en 'Friezen yn Frankryk'. 2015 is foar in soad ferienings en ynstânsjes reden foar in feestje. It Buro makket alle wiken in portret fan in jubilaris.
En we werhelje de rige dy't we ferline jier makken fan Friezen yn Frankryk. Sjoch ek it filmke ûnderoan ús site!

Jubilaris: wettersportferiening Zevenwolden

Us jubilaris fan hjoed is wettersportferiening Zevenwolden, al 150 jier aktyf op de Lemmer.
De wettersportferiening is ûntstien út in fúzje tusken de sylferiening Zevenwolden - oprjochte yn 1865 - en de wettersportferiening Lemmer - oprjochte yn 1933. Hjoeddedei hat de Zevenwolden mear as 600 leden. Sa'n 250 binne echt aktyf binnen de feriening. De Zevenwolden organisearret ferskate sylwedstriden, begelyks Lemmer Ahoy, foar skûtsjes en oare platboaiums, de Bokkingrace, de Skegrace en de wedstriden op de Lemmer fan it SKS en IFKS skûtsjesilen.

It kluphûs nimt in sintraal plak yn

Njonken sylwedstriden organisearje, docht de Zevenwolden folle mear. Sa is der in shantykoar, in wivekoar en in klaverjasklup. Dy aktiviteiten fine plak yn it kluphûs. Dêr is it alle tongersdeitejûnen drok, want dan is de klupjûn. Earst binne der ûnderlinge sylwedstriden en dêrnei gesellich neisitte yn it kluphûs.

De kotter fan de Zevenwolden

By de wedstriden is it eigen skip fan de feriening 'de Zevenwolden' altyd start- en finishskip. Dizze kotter wurdt ek altyd ynset by it SKS skûtsjesilen. Skipper fan de kotter is Peke Ritsma, jawis de heit fan..... en syn grutte maat is Jack Cramer, ek altyd oanwêzich op de kotter. Tegearre ha se al hiel wat meimakke.

Friezen yn Frankryk: Siebrig van der Veen

Dat se mei har grutste passy har jild fertsjinje kin, dat wie har dream, en dat is har slagge. Siebrig van der Veen fertelt dat se as famke fan 9 jier al begûn te dûnsjen. Earst yn Snits, letter yn Ljouwert en op har 12de siet se op de MAVO yn Grins omdat se dêr dûnsles ha woe. Alle dagen fan Easthim nei Grins, it jout oan hoe gedreven se wie. Mar foar klassyk ballet is Siebrig mei har 1 meter 80, te lang. Op oanrieden fan in learares yn Den Haach docht se audysje yn Parys by sawol it Lido as de Moulin Rouge. Se kiest foar it Lido. Yntusken dûnset se dêr 17 jier, 6 dagen yn de wike, twa foarstellings per jûn.

Dûnsje yn it Lido

Se jout ús in rûnlieding yn it Lido. Prachtich al dy fearren en kostúms. Dêrnei fertelt se entûstjast oer har baan. Siebrig is 'captain', dat betsjut dat se dy jûn de lieding hat oer de dûnsers. Neffens har is it topless-dûnsjen net seksy, mar it heart by de koreografy en de styl fan it Lido. Fannacht wie Siebrig in oere as 3 thús en fan 'e moarn 7 oere is se mem. Soan (6 jier) en dochter (9 jier) moatte nei skoalle. We rinne mei en sjogge yn watfoar moaie wyk se wennet. Under in bakje kofje ha we it oer har drokke libben. Har man is basketbaltrainer en wurket ek middeis en jûns. Fan 'e middei sil se bysliepe, om jûn wer te strielen op it poadium.

 
Fryske Lido-dûnseres yn Frankryk

Yn Bynt in reportaazje fan ús kollega’s fan it radioprogramma Buro de Vries. Sy ha yn maaie nei Frankryk west, foar in rige programma's oer Friezen dy't it heitelân ferruile hawwe foar 'La Douce France'. In rige dy't dizze simmer útstjoerd wurdt. Ien ôflevering giet oer Siebrig van der Veen, berne yn Easthim en al 17 jier dûnseres yn it Lido.

Posted by Bynt on maandag 16 juni 2014

Siebrig in jier letter

Yn desimber 2014 is Siebrig ophâlden by it Lido. In hiele omslach dêr't se earst wol oan wenne moast, mar se genietet fan de ekstra tiid dy't se no foar har bern hat. Sa no en dan docht se noch in losse opdracht. Siebrig is krekt útein setten mei in nij projekt: se sil Mom in Balance opsette yn Parys, in bûtensportprogramma foar takomstige en jonge memmen. Siebrig kennende komt dat hielendal goed!

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)