Buro de Vries fan 5 jannewaris 2020 11:00

    Muzyk yn de soarch. Krijn Jacob Dykstra en Sander Metz ha der har wurk fan makke. Yn sikehuzen en fersoargingstehuzen meitsje se muzyk mei en foar de minsken. It wurket 'helend'. 

    Yn memoriam: Jacob Travaille.

    Yn it nijsfoarum nimme plak: Harry van der Molen, 2e keamerlid foar it CDA, Betty de Boer âld-twaddekeamerlid foar de VVD en boargemaster Roel Sluiter fan Harns.

    "Muzyk soarget foar ljochtsjes yn de eagen fan de kwetsbere minsken"

    De measte minsken wurde fan moaie muzyk in stikje fleuriger. Dat jildt ek foar minsken dy't siik binne. Of by demintearende âlderein. Muzyk is fan grut belang yn de soarch. In moaie trochbrekking fan de dei en ôflieding fan de problemen. Bygelyks by minsken dy't kanker hawwe en swiere kueren ûndergean moatte. It Buro gie op muzikale reis troch de soarch. Mei Sander Metz mar ek mei oare belutsenen yn de soarch.

    Yn Memoriam: Jacob Travaille

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Jacob Travaille.

    it wikeoersjoch

    In persoanlik oersjoch fan de ôfrûne wike fan presintator Geartsje de Vries

    It nijsfoarum mei Harry van der Molen, Roel Sluiter en Betty de Boer

    11:08 - Corrs - Runaway
    11:48 - Amelander Shantykoor - West Zuidwest Van Ameland
    12:10 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
    12:17 - Coldplay - Everyday Life

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)