Buro de Vries fan 5 febrewaris 2017 11:00

    * Gast Nynke Boonstra, ‘lector Zorg & Innovatie in de Psychiatrie’ oan de NHL * Om skea te beheinen foar de boeren soenen pauguozzen earder werom moatte nei de poalsirkel, maklik sein, mar hoe dogge we dat? Wy sochten it út * YM Gorrit Bouwmeester fan Warten * Nijsfoarum mei: Sjoerd Galema, Isabelle Diks en Durk Pool.
    Presintaasje: René Koster.

    Nynke Boonstra

    • Nynke Boonstra

    Krije we guozzen earder fuort?

    • Krije we guozzen earder fuort?

    'Pauguozzen moatte earder werom nei de poalsirkel'. Dat wie de kop boppe in nijsartikel ferline wike. It punt is dat pauguozzen - yn it Nederlânsk brandganzen - it boerelân keal frette. Yn de winter is dat net sa'n probleem, mar yn de maitiid wol. Want dan wolle de boeren dat gers sels fan it lân ôfhelje en brûke.
    En dus moatte de pauguozzen earder werom nei de poalsirkel, dêr't se briede en jongen krije. Mar ja, hoe dogge je dat? It Buro wie dêr nijsgjirrich nei en gie mei Melle Pieter Prins, foarsitter fan de guozzekrite yn Dongeradiel, yn de buert fan Ie op syk nei de pauguozzen:

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Gorrit Bouwmeester fan Warten.

    Nijsfoarum mei Sjoerd Galema, Isabelle Diks en Durk Pool

    • Nijsfoarum mei Sjoerd Galema, Isabelle Diks en Durk Pool

    11:06 - Michael Buble - Haven't Met You Yet
    11:17 - Ctrl-Alt-Delete - Reade Wyn
    11:48 - Eric Clapton - Change The World
    11:53 - Yvonne Elliman - If I Can't Have You
    12:08 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
    12:13 - Brigitte Kaandorp - Ik Ben Een Vakvrouw
    12:53 - John Mayer - Love On The Weekend

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)