Buro de Vries fan 4 maart 2018 11:00

    Keunst tsjin krimp, is dat de oplossing? Gwenda van der Vaart die ûndersyk yn Penjum * Politike perikelen yn Harns * YM Diny de Vries-van der Zee * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Ronald Westenberg en Harrie Graansma. Presintaasje: Simone Scheffer.

    Keunst tsjin krimp, is dat de takomst?

    • Gwenda van der Vaart

    Kin keunst in doarpsmienskip mear fearkrêft jaan? Dat is it ûnderwerp dêr't de Grinzer wittenskiplik ûndersiker Gwenda van der Vaart ûndersyk nei dien hat. Yn it doarp Penjum hat se op in ûnortodokse wize mei de mienskip petearen hân en eksperiminten dien.

    Ein maart ferdigenet se har proefskrift oer 'Kunst en Veerkracht in de dorpsgemeenschap'. Yn Buro de Vries alfêst in foarpriuwke hjirop. Mei de fraach: yn hoefier is keunst en kultuer wichtiger foar it fuortbestean fan doarpen as ekonomyske aktiviteiten? Keunst tsjin krimp, is dat de takomst?

    Politike perikels yn Harns

    • Politike perikels yn Harns

    Op wei nei 21 maart hifket Buro de Vries alle wiken de stimming yn ferskate Fryske gemeenten. Snein 4 maart sjogge we yn Harns. De gemeente dy't der foar kiest in selsstannich bestean te hâlden tusken alle grutte fúzjegemeenten. Mar hoe rêde se it dêr, en hoe sjogge de Harnzers nei harren fertsjintwurdigers yn de ried. René Koster prate mei ferskate politisy en stimmers oer de politike perikels yn lyts Gallië fan Fryslân.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM Diny de Vries-van der Zee

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Diny de Vries-van der Zee.

    Oersjoch fan de wike

      Makke troch Simone Scheffer.

      Nijsfoarum mei Houkje Rijpstra, Ronald Westenberg en Harrie Graansma.

      Houkje Rijpstra - directeur van Circulair Friesland.

      Ronald Westenberg - listlûker D'66 Weststellingwerf.

      Harrie Graansma - listlûker PVV Achtkarspelen.

      11:07 - Leaf - Wonderwoman
      11:24 - Bebe Rexha Ft. Florida Georgia L - Meant To Be
      11:40 - Piter Wilkens - De Dowestien
      11:51 - Cher - Love And Understanding


      12:05 - Dire Straits - Twisting By The Pool
      12:13 - U2 - Summer Of Love

      Buro de Vries

      Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
      (advertinsje)