Buro de Vries fan 4 maaie 2014, 11:00

* Hiemtunen yn Ljouwert * Hoe komt it mei de weryndieling yn Noard-Fryslân * Famylje Lubberts: helden yn 'e oarloch, mar it wie hjir net bekend * YM * Sjouke Lousma ûnderweis * Kollum Bert Looper * Minút fan Nyk *

Hiemtunen: wa wit noch wêr't se binne?

Op tal fan plakken yn de provinsje lizze saneamde hiemtunen (heemtuinen). Tunen dy't in oersjoch jouwe fan de eigen, 'inheemse' floara en fauna en meastentiids oanlein mei in edukatyf doel. Guon fan dy tunen binne lykwols kwalik mear bekend by it grutte publyk, wylst se mear as de muoite wurdich binne. Hjoed sjogge we yn in echte griene oaze yn Ljouwert. Earne oan it drokke krúspunt op de Aldlânsdyk by de ôfslach nei it MCL moat de hiemtún Wurdumerfeart lizze. Fan it Buro hawwe we ôfpraat mei de behearder, Gilberto Squizzato.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Jolt Oostra.

Hoe komt it mei de weryndieling yn Noardeast-Fryslân (1)

"Hoe kom it mei de weryndieling yn Noardeast-Fryslân?" Net bepaald in fraach dêr't jonge minsken wekker fan lizze, soenen je tinke. Dochs wie it foar stazjêre Margaretha van der Wal nijsgjirrich genôch om te kiezen as ôfstudearopdracht. Oer wat foar weryndieling giet it eins? Wat hawwe je deroan? En hoe sjogge ynwenners, yn it bysûnder ûndernimmers, jongerein en bestjoerders, der tsjin oan? Margaretha van der Wal, dy't sels yn dy streek opgroeide, socht it út en docht yn fjouwer reportaazjes ferslach yn Buro de Vries. In rige dêr't se meikoarten op hopet ôf te studearjen. Margaretha begjint hjoed yn De Westereen.

Sjouke Lousma ûnderweis (1702)

Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

De miening fan ... Bert Looper

De kollum komt dizze snein fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar yn Ljouwert.
www.tresoar.nl

It ûnbekende ferhaal fan de famylje Lubberts

It wenhûs fan de Fryske skoalmaster Teake Lubberts en syn frou Ymie, hat yn 'e oarloch sa'n 200 ûnderdûkers in feilich ûnderdak bean. In ferhaal dat net in soad minsken kenne. Dat komt omdat de famylje Lubberts flak nei de oarloch emigrearde nei Amearika. Twa jier lyn dûkte it Buro yn dizze skiednis en prate mei Teake's suster, ien fan de ûnderdûkers, en mei de jongste dochter fan de Lubberts': Fokje, dy't no trouwens Florence hyt.

De minút fan Nyk

Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: De Westereen
http://www.nykdev.nl/

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)