Buro de Vries fan 4 juny 2017 11:00

    11:00-12:00 oere: "In status, in hûs, en dan...? " In programma oer de yntegraasje fan flechtlingen.
    12:00-13:00 oere: Nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Retze van der Honing en Jan Huitema.
    Presintaasje: Simone Scheffer.

    Mohamed kin it paad hjir noch net fine

    • Mohamed kin it paad hjir noch net fine

    Mohamed flechte mei syn gesin út Syrië. Nei ferskillende AZC's yn Nederlân hat hy no plak fûn yn Harns. Mar hy kin syn draai noch net fine.

    "Je ha altyd it idee dat je sa'n jonkje te koart dogge"

    • "Je ha altyd it idee dat je sa'n jonkje te koart dogge"

    Janke Singelsma is juf fan groep 6,7 en 8 fan iepenbiere basisskoalle 'De Opslach' yn Wommels. Trije wike lyn is Nouri yn de klasse kommen.

    It fangnet fan in flechtlingegesin

    • It fangnet fan in flechtlingegesin

    In jier nei't de Syryske famylje Al Zaidan yn it doarpshûs fan Jorwert kaam te wenjen, hearre we wêr't de groep frijwilligers om har hinne tsjin oan rinne. Se hienen ôfrûne wike in oerlis mei immen fan Stifting Vluchtelingenwerk.

    Gasten yn de studio

    • Gasten yn de studio

    Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan It Hearrenfean en foarsitter provinsjale Task Force statushouders.
    Foke Dijkstra, regiolieder Vluchtelingenwerk Noord-Nederland.
    Svetlana Bondo, flechte 20 jier lyn út Ruslân. Se hat in oplieding dien yn de soarch en hat no har eigen bedriuw 'Zorgsloperij De Kans" yn Ljouwert (deibesteging en thúsûndersteuning).

    Wike-oersjoch

    • Wike-oersjoch

    Troch Simone Scheffer.

    Nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Retze van der Honing en Jan Huitema

    • Nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Retze van der Honing en Jan Huitema

    12:09 - Gilbert O'sullivan - Get Down
    12:15 - Capital Cities - Safe And Sound

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)