Buro de Vries fan 4 febrewaris 2018 11:00

* De Friese Zaak helpt bedriuwen dy't yn swier waar sitte * 40 jier húsdokter: Elske van Zanden hâldt der op. * YM Wietse Hoogsteen * Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Jan Volbeda en Brigitte Scheepsma.

Presintaasje: René Koster.

Hoe't de Friese Zaak helpe kin.

  • De Friese Zaak

Lêsten wie yn it nijs dat it tal falliseminten yn Fryslân nei ûnderen gongen wie. Dat soe mei komme troch De Friese Zaak. De Friese Saak helpt ûndernimmers dy't yn swier waar sitte. In moai inisjatyf weryn't tredde jiers studinten bedriuwsekonomy en adviseurs fan it Undernimmersklankboerd gearwurkje. Wy woenen der wolris mear fan witte. Victor Bekkers fan Gytsjerk kloppe twa jier lyn by De Friese Zaak oan, omdat hy mei syn bedriuw yn swier waar siet. Yntusken hat hy alles goed op 'e rit. 

Mear ynformaasje oer de Friese Zaak http://www.defriesezaak.nl/

Ynformaasje oer it bedriuw fan Victor Bekkers: http://vibesolcon.nl/

Gast: Elske van Zanden

  • Elske van Zanden

Fan 1980 oant 1986 wie se tropedokter yn Sambia, sûnt 1988 is húsdokter yn Ljouwert. Ynkoarten hâldt se der mei op. In petear oer 40 jier húsdokter en oer Sambia dat har nea wer loslitte sil.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

  • Wietze Wierd Hoogsteen

Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Wietze Wierd Hoogsteen.

Oersjoch fan de wike

  • Wykoersjoch RK

Makke troch René Koster. 

Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Jan Volbeda en Brigitta Scheepsma.

  • Nijsfoarum Buro de Vries 4 febrewaris

11:09 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
11:26 - Niall Horan - Too Much To Ask
11:40 - De Kast - Op 'e Fyts
11:50 - Gilbert O'sullivan - Nothing Rhymed
11:54 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore


12:08 - O.M.D. - Forever Live And Die
12:15 - U2 - Summer Of Love

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)