Buro de Vries fan 31 maart 2019 11:00

    "In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium", it wûnderbaarlike ferhaal fan hurdfytser Jan Fennema fan Feanwâlden;

    Cor Waringa betinkt yn YM  it libben fan Jurjen Huisman;

    it "Oersjoch fan de Wike" en 

    it Nijsfoarum mei Otto van der Galiën, Harry Oosterman en Anne-Goaitske Breteler.

    "In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium"

    "In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium"

    Jan Fennema fan Feanwâlden waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er fiif jier wie stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplantaasje gjin kâns hie te oerlibjen. En doe't se tochten dat er hast oan bar wie, slûch it needlot ta. Wylst mem him efter op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto. Lytse Jan bedarre op de Intensive Care fan it UMCG yn Grins en heit en mem stiene sels foar it drege beslút om de stekker der al of net út te lûken. Mei in soad Godsbetrouwen waard keazen om it dochs noch in skoftsje oan te sjen. Op wûnderbaarlike wize kamen lichemsfunksjes werom en krige Jan lang om let ek noch in donorlever. No, 20 jier letter, wint Jan Fennema prizen as hurdfyster, helle hy goud op de EuropeanTransplant Games en docht hy letter dit jier sels mei oan de Word Transplant Games. 

    Overlever

    Dochs set Jan him net allinnich yn foar syn eigen sportive doelen. Hy freget as ambassadeur ek mear omtinken foar de needsaak fan orgaandonaasje en it wurk dat se op dat mêd by it UMCG dogge. In eigen stifting ûnder de treffende namme "Overlever" moat dêr foar soargje. Foar sneon 20 april stiet in bysûnder evenemint fan de stifting op de aginda: in fytstoertocht ûnder de namme "Overlevertocht" oer 20, 46 of 90 kilometer, mei Damwâld as start- en finishplak.

    Yn Buro de Vries in radiodokumintêre oer in tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium fan Jan Fennema, fertelt troch himsels en heit en mem Hendrik en Fokje Fennema. 

    www.stichtingoverlever.nl 

    It oersjoch fan de wike

    It persoanlike oersjoch fan de wike komt ditkear fan René Koster.

    Nijsfoarum

    Yn it Nijsfoarum wurdt it nijs fan de wike hjoed besprutsen troch:

    Otto van der Galiën, riedslid yn Ljouwert, wetterskipsbestjoerder en dosint/staazjekoördinator,

    Harry Oosterman, boargemaster fan Eaststellingwerf, en

    Anne-Goaitske Breteler, publisiste en korrispondinte binnenlân-bûtegbiet.

    Yn Memoriam: Jurjen Huisman

    Yn Memoriam fiert it libben. Elts libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Jurjen Huisman.

    11:08 - Rod Stewart - (Your Love Keeps Lifting Me) Higher And Higher
    11:42 - Lady Gaga & Bradley Cooper - Shallow
    11:53 - Shania Twain - You're Still The One
    12:08 - Michael Mcdonald - I Keep Forgettin'
    12:17 - Piter Wilkens - Ien Bier

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)