Buro de Vries fan 31 maart 2013

It 'Nostalgy-wykein' by Omrop Fryslân. Buro de Vries stjoert nochris de dokumintêre oer Johannes Wardenier út. Hy soe de útfiner wêze fan de brânstofleaze motor.
It ferfier gong froeger fansels net altyd mei de auto, faak wie men ôfhinklik fan bus of trein. Sa ek noch yn de fyftiger jierren, doe't Klazina Bootsma fan Blauhûs nei de polder gong as kreamfersoarchster.
Keimpe de Vries kaam yn 1955 by it spoar en waard masinist.
Neist de bus en de trein kaam yn de santiger jierren de buertbus; Jetze de Boer siet hast 30 jier op de buertbus.

Kreamfrou yn 'e polder

Klazina Bootsma wenne yn Blauhûs en folge yn de fyftiger jierren in oplieding kreamsoach yn Borne. Se die har praktyk yn de Noardeastpolder. Se hie sels gjin auto en wie dus ôfhinklik fan de bus. Yn 1957 wie de polder noch yn opbou, en de gesinnen dy't der kamen sieten noch yn de jonge bern. Der waarden yn dy tiid in hiel soad poppen berne.

De brânstofleaze motor fan Wardenier

As we it oer nostalgy ha en we rjochtsje ús op ferfier, dan komt by in soad minsken it ferhaal boppe fan Johannes Wardenier. Hy soe de útfiner wêze fan de brânstofleaze motor en makke it gemeentebestjoer yn Wolvegea sa entûsjast, dat der plannen makke waarden foar de bou fan in grutte fabryk. Tûzenen minsken soene der wurk krije en mei de útfining soe der in ein komme oan de macht fan de oaljebaronnen. Mar it rûn oars ôf.

Dizze dokumintêre, makke troch Sippy Tigchelaar foar de RVU, waard yn 2002 bekroand mei in NL Award.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)