Buro de Vries fan 31 maaie 2020 11:00

    * coronakrisis: soargen om fuortbestean fan de histoaryske skippen fan de brune sylfloat * "Meester Swerms" fan Sint Anne makke yn 1925 in reis nei Algerije en skreau in reisferslach op rym * Yn Memoriam: Dirk Kemker fan Warkum * it wikeoersjoch * it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Trienke Elshof en Tjeerd van der Zwan

    'Meester Swerms' fan Sint-Anne skreau yn 1925 in reisferslach op rym

    Andries Hermannus Swerms waard yn 1890 yn Frjentsjer berne en ferstoar yn Sint-Anne yn 1959. It wie in markante man: hy wie ûnderwizer, tekenlearaar, biolooch, dichter en hy reizge in soad. Dat wie bysûnder yn dy tiid. Syn pakesizzer Anne-Marie Kras fûn in hânskreaun ferslach fan syn reis nei Algerije yn 1925. In ferslach dat hielendal op rym skreaun is. 

    Ha de Fryske havenstêden aanst lege kades, sûnder brune sylfloat?

    In Frisse noas mei Anne-Wil Lucas

    Seis jier lang wie Anne-Wil Lucas fan Bakkefean lid fan de Twadde Keamer foar de VVD. Dêrnei hold se har -bûten de skynwerpers- benammen dwaande mei ynnovaasje en start-ups. Mei har man pachtet se ek noch Teeskinkerij De Slotpleats yn it doarp. Mar troch de krisis, stiet dêr alles al moannen stil. Foar in Frisse Noas makke René Koster in ôfspraak mei har, by de bosk, fuort achter it bedriuw dêr’t se ek wenje...

    Yn Memoriam: Dirk Kemker

    Cor Waringa betinkt alle wiken immen dy't ús ûntfallen is. Dit kear is dat Dirk Kemker, kapper yn Warkum

    It wikeoersjoch

    De ôfrûne wike, sjoen troch de eagen fan Geartsje de Vries.

    It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Trienke Elshof en Tjeerd van der Zwan

    It nijsfoarum praat oer:
    - de wolf, heart dy yn Nederlân of net?
    - it testbelied fan de GGD
    - de coronamaatregels en de jongelju
    - de terrassen dy't wer iepen gean

    11:08 - Travis - Flowers In The Window
    11:38 - Grutte Pier Project Ft. Carla Debruine - Skriem Om My
    12:10 - Crowded House - Chocolate Cake
    12:19 - Vaya Con Dios - Just A Friend Of Mine

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)