Buro de Vries fan 31 jannewaris 2021 11:00

    Tema-útstjoering oer froulik liederskip mei as sintrale fraach: wêrom hat de wrâld froulike lieders nedich?

    Rûnetafelpetear oer froulik liederskip

    Tema-útstjoering oer froulik liederskip mei as sintrale fraach: wêrom hat de wrâld froulike lieders nedich? Te gast binne:

    -Ciska Wijmenga, rector magnificus fan de RUG. Wijmenga is de earste froulike rector magnificus fan de RUG. Se komt oarspronkelik fan Drachten
    -Jolanda Holwerda, saakkundich op it mêd fan froulik liederskip en oprjochter fan de LOF academy
    -Annemarie Jorritsma, âld-boargemaster fan Almere, âld-minister fan Ekonomyske Saken en âld-minister fan Ferkear en Wettersteat. Aktyf binnen Topvrouwen.nl

    Yn in rûnetafelpetear prate de trije froulju ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer froulike lieders. Dêrby sil it gean oer saken as: Wat binne de ferskillen yn lieding jaan? Wat fernimme wy as maatskippij fan dy ferskillen? Hoe stiet it derfoar mei froulike lieders yn organisaasjes en bedriuwen? Moat der in frouljuskwotum komme? Wat binne tûkelteammen?

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike

    it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Jan Rijpstra en Immie Jonkman

    It nijsfoarum diskusjearret oer it nijs fan de ôfrûne wike:

    -de jûnsklokrellen, hoe hâlde wy it yn 'e hân?
    -it data-lek by de GGD
    -de evenemintesektor wol 1 juny wer los
    -de brune sylfloat hat noch gjin sint fan de taseine miljoenen sjoen
    -de faksinaasjestrategy fan Nederlân
    -Nederlânsktalige, Frysktalige of streektaalnammen foar strjitten, pleinen en treinen?

    11:13 - Jan Tekstra - As Dit Is Wat It Is
    11:35 - U2 - Sweetest Thing
    12:11 - Lois Lane - Here You Come Again

    Programma presentator: 
    Geartsje de Vries

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (Advertinsje)