Buro de Vries fan 31 jannewaris 2016 11:00

* de syktocht fan Jorwert * Yn Memoriam: Rinze Peterzon * de dream fan Aagje * Sjouke Lousma ûnderweis * kollum fan Tjalling van der Goot * it nijsfoarum mei Attje Meekma, Otto van der Galiën en Rendert Algra

De syktocht fan Jorwert

Komme der flechtlingen yn it doarpshûs fan Jorwert te wenjen? In inisjatyfgroepke fan fiif froulju is mei dit plan dwaande. Wer rinne sy tsjinoan? Hoe reagearret it doarp op dit inisjatyf? Wat fynt de gemeente derfan? Wer komt it jild wei om it doarpshûs te ferbouwen? Der sitte in hiel soad kanten oan en der moatte hiel wat hobbels nommen wurde foar't it safier is. Buro de Vries folget de fiif froulju en har krewearjen. Dizze earste reportaazje giet oer it brainstoarmjen oan de keukenstafel, de gemeente dy't it doarpshûs besjocht en de oannimmer dy't foar in boutekening soarget.

YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

Buro de Vries fiert it libben, want elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Cor Waringa oer it libben fan Rinze Peterzon, berne yn Berltsum en syn libben lang yn it ûnderwiis sitten.

De dream fan Aagje

Aagje Hoekstra is ús Fries om utens fan dizze ôflevering. Aagje is yn 1990 berne in Surhústerfean. Se had 'product design' studeare oan 'e hege skoalle foar de keunsten yn Utert. Foar har ôfstudearjen makke se in bioplastik fan de skyldsjes fan moalkrobbe. Ferslachjouwer Botte Jellema siket har op yn har atelier yn in leech steand kantoar yn Utert.
http://www.aagjehoekstra.nl/home.php

Sjouke Lousma ûnderweis

Sjouke Lousma reizget troch Fryslân en makket in praatsje mei immen dy't er op syn reis tsjinkomt. Hy bedarret dizze kear yn Sibrandabuorren.

Kollum Tjalling van der Goot

Nijsfoarum

Op de lêste snein fan de moanne skoot it nijsfoarum by ús oan. It nijsfoarum bestiet út de fêste leden Attje Meekma en Otto van der Galiën, en in gastlid. Hjoed is dat Rendert Algra, foarsitte fan it BFVW. Fansels is it aaisykjen ien fan de saken dêr't oer praat wurde sil. Mar der stiet mear op it listje: de REC yn Harns, it plan fan Samson en foarútsjen nei Cambuur-Hearrenfean.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)