Buro de Vries fan 30 septimber 2018 11:00

    * Leanwurkprojekt yn de bosk foar jongeren mei ôfstân nei de arbeidsmerk, fâlt yn de prizen * Drúven plukke op de bêste wyngaard fan Nederlân en België * Gast Lysbeth Munninksma * YM Alex Tienstra * Oersjoch fan de wike * Nijsfoarum mei Immie Jonkman, Gerard van Klaveren en Seye Herre Brinkman * Presintaasje: Simone Scheffer

    Druven plukke op de bêste wyngaard fan Nederlân en België

    Wyngaard de Frysling yn Twizel mei har dit jier de bêste fan de Nederlân en België neame. By de ferkiezing, begjin dizze moanne, foelen alle seis winen fan Douwe en Jantiene Broersma yn'e prizen. It is de beleaning fan 10 jier hurd wurkjen. Fannewike rûnen we mei Douwe mei, doe't de drúven fan ien fan dizze priiswinnende winen plukt waarden. 

    https://frysling.nl/

    Leanwurkprojekt yn de bosk by JObbegea wint lanlike priis

    De ekonomy draait op folle toeren en op in soad plakken bin der te min hândsjes om it wurk oan te pakken. Dochs stean der ek noch altyd in soad minsken oan de kant. Benamme foar in grutte groep jongeren sûnder diploma is it dreech om in plakje te finen. It lear-wurkplak Jobbegea besiket dêr wat oan te dwaan. Steatsboskbehear, it Nordwin College en de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Eaststellingwerf wurkje gear yn dit projekt, en mei sukses. In grut tal dielnimmers hat de earste diploma's helle en fynt syn plak yn in betelle baan of in ferfolchoplieding. It suskes wie sels sa opmerklik dat der fannewike in lânlike priis wûn waard troch dit inisjatyf: de saneamde RBB-award.

    Ferslachjouwer René Koster seach mei boskwachter Dennis Benedictus fan Steatsboskbehear by it Koepelbosk by Aldeberkeap dêr't in ploechje oan it wurk wie...

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Alex Tienstra.

    Oersjoch fan de wike

    Nijsfoarum mei Gerard van Klaveren, Immie Jonkman en Seye Herre Brinkman

    11:12 - Buster Pointdexter - Hot Hot Hot
    11:27 - Chainsmokers Ft. Emily War - Side Effects
    11:37 - Die Twa - Fugels
    12:07 - Lovin' Spoonful - Summer In The City
    12:14 - Jonathan Jeremiah - Good Day
    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)