Buro de Vries fan 30 oktober 2016 11:00

    Skiednis Molukkers moat bewarre bliuwe * Halloween; wêr komt it wei * YM Rein van Manen * Wetlike grinzen foar sûker en sâlt * Nijsfoarum mei Ultsje Hosper, Aukje de Vries en Margreet Hiemstra.

    Piet Matahelumual

    • Piet Matahelumual

    Hawwe jo ynformaasje? Dan kinne jo kontakt opnimme mei Jacob Matahelumual, 0512 34 23 34.

    De oarsprong fan Halloween

    • De oarsprong fan Halloween

    Moarn is it Halloween, in grut feest foar in soad bern. Se gean by de doarren lâns, roppe: 'Trick or treat!' en krije dan in protte snobbersguod. Yn Nederlân wurdt Halloween ek hyltyd mear fierd, yn stee fan Sint Marten op 11 novimber.
    Wat is eins de oarsprong fan Halloween en wer komme dy gebrûken dy't der by hearre wei? It Buro frege him dat ôf en socht kontakt mei Han Nijdam fan de Fryske akademy. Hy is ûnder oaren histoarysk antropolooch.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Rein van Manen.

    'Wetlike grinzen foar sûker en sâlt'

    • 'Wetlike grinzen foar sûker en sâlt'

    23 oant 26 klontsjes sûker yn in literfles frisdrank; it soe ferbean wurde moatte! Dat fynt Joop Peffer fan It Hearrenfean en hy skreau der in stik oer nei de krante. Ekstra belesting yn de foarm fan in sûker-taks of sa, helpt net fynt hy. "Iemand die verslaafd is, laat zich door een accijnsverhoging echt niet afschrikken...". Derom pleitet hy foar wetlike maksimum grinzen foar sûker, mar ek foar sâlt yn produkten. En de Keuringsdienst van Waren moat der op tasjen dat fabrikanten har dêr oan hâlde.

    Nijsfoarum

    • Nijsfoarum

    11:10 - Velvet Belly - Fast And Far Away
    11:29 - Hall & Oates - Rich Girl
    11:49 - America - From A Moving Train
    12:10 - Des'ree - What's Your Sign
    12:17 - Cranberries - Just My Imagination
    12:51 - Chef Special - Amigo

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)