Buro de Vries fan 30 novimber 2014 11:00

* it Jubileum fan Jan Arendz en Marijke Geertsma * De Brandsma's: fan skipsbouwers nei bierbrouwers * de foardielen fan in mûzepleach * kollum fan ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma * Yn memoriam: Gerben van Dijk fan Wommels * Sjouke Lousma is ûnderweis * de minút fan Nyk *

De foardielen fan in mûzepleach

Muzen, we ha der op it stuit tefolle fan. Boeren yn Súdwest Fryslân ha der in bulte skea fan en wolle har lân ûnder wetter sette om fan de bistjes ôf te kommen. Jager Tsjerk Bosje fan It Bilt sjocht benammen de positive kanten fan de mûzepleach. En benaud dat de muzen de seedyk ûndermynje sille, is hy ek net. We troffen Bosje dizze wike ûnder oan de seedyk.

Yn Memoriam: Gerben van Dijk fan Wommels

Cor Waringa betinkt alle sneinen it libben fan in ferstoarne man of frou. Hjoed Gerben fan Dijk fan Wommels dy't ferstoar op 8 septimber. Hy is 80 jier wurden.

Brandsma: fan skipsbouwers nei bierbrouwers

Oan in tradysje fan skipsbouwers yn Reahel (Stynsgea) komt in ein. Generaasjes lang waarden der skippen en boaten boud op de jachtwerf, mar Bein Brandsma sil de lêste skipsbouwer wêze. Soan Johannes giet fierder op de werf, mar wol yn in hiel oar ambacht: dat fan bierbrouwer.
Mei heit Bein en soan Johannes wurdt oer beide ambachten praat en ek oer de kar fan Johannes om in hiel oar paad yn te slaan as syn heit.
http://www.brouwerijbrandsma.nl/
http://www.jachtwerfbrandsma.nl/

Sjouke Lousma is ûnderweis

Yn Surhuzum treft Sjouke Lousma in kninefokker.

Kollum fan Gerrit Breeuwsma

Untwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma jout syn miening oer de nasjonale en publike rou nei de fleanramp mei de MH17.

it Jubileum fan Jan Arendz en Marijke Geertsma

Jan Arendz en Marijke Geertsma steane al 40 jier op de planken. Se binne ek al 40 jier in stel. Dei en nacht tegearre dus. Nei har Tryaterkarriêre meitsje se no produksjes yn eigen behear ûnder de namme JMTéaterwurk. It populêre teaterkoppel reizget op dit stuit by de Fryske doarpen del mei de jubileumfoarstelling 'It Jubileum'.

In ultrakoart ferhaal fan Nyk de Vries

Nyk de Vries fertelt alle wiken in ultrakoart ferhaal. Hjoed: Albert en Froukje.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)