Buro de Vries fan 30 maart 2014, 11:00

    *It Grien: enerzjyneutraal wenje * Boek oer keunstner Siep van den Berg * Simone Speerstra fertelt oer de selskeazen dea fan har man Gerhard Potma * Kollum Gerrit Breeuwsma * YM * Underweis * Minút fan Nyk *

    It Grien: wenjen fan de takomst

    • It Grien: wenjen fan de takomst

    In hûs bouwe sa't jo it sels wolle, dat kin yn It Grien by Ljouwert. Der is mar ien betingst: it moat enerzjy neutraal wêze. Marcelles de Graaf boude syn dreamhûs en ferbrûkt lang net alle enerzjy dy't it hûs opleveret.

    YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: Radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Piet Schaaf.

    'Dichter bij Siep'

    • 'Dichter bij Siep'

    Simon Deinum skreau in biografy oer de Fryske keunstner Siep van den Berg. 'Dichter bij Siep' is in mânsk wurk fan 384 siden wurden. It is ôfrûne wike presentearre yn it Grinzer Museum. It boek jout in yndringend byld fan Siep van den Berg en syn ûntwikkeling as minsk en as keunstner.
    Biograaf Simon Deinum is pensioneard direkteur fan in boubedriuw en samler fan it wurk fan Siep van den Berg. It Buro socht dizze Fries om utens fan 'e wike thús op yn Veendam.
    http://www.wijdemeer.nl/webshop/Deinum--Dichter-bij-Siep---biografie-van...

    Sjouke Lousma ûnderweis

    • Sjouke Lousma ûnderweis

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.

    De miening fan...Gerrit Breeuwsma

    • De miening fan...Gerrit Breeuwsma

    Alle sneinen yn it Buro in kollum, hjoed fersoarge troch ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma. Hy lit him faak ynspireare troch syn bern en syn eigen jeugd. Hjoed syn kollum: "Omstannichheden".

    Simone oer de suïside fan har man, Olympysk siler Gerhard Potma

    • Simone oer de suïside fan har man, Olympysk siler Gerhard Potma

    Acht jier lyn die topsiler Gerhard Potma fan Snits himsels te koart. Syn frou Simone en soantsje Hugo fan twa jier bleaune achter. No, acht jier letter fertelt Simone it ferhaal fan it ferstjerren fan Gerhard yn in ynterview oer rou, fertriet, ferwurking en libbenskrêft.

    De minút fan Nyk

    • De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed:
    http://www.nykdev.nl/

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)