Buro de Vries fan 30 juny 2013

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. Wat betsjút dizze freonskip foar beide.
Yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Jillert Anema en Gerrit Fokkema

It libben fan fysioterapeut en reedrydtrener Jillert Anema draait om in pear saken: sport, winne en freonskip. Yn de sport is hy tige súksesfol mei syn BAM formaasje. Yn alles wat syn reedriders dogge is winne prioriteit nûmer 1. De ambysjes dy't hy hat op it mêd fan freonskip snije de lêste tiid lykwols wat ûnder. It leafst soe hy mear tiid frijmeitsje foar syn bêste freon. Dat is al sûnt de HBS yn Harns de 57-jierrige Gerrit Fokkema fan Britsum. Keatsen, aaisykjen, muzyk en op stap gean binne de fûneminten fan in lange en stevige freonskip. Nei in perioade fan oerdel jier wêryn se elkoar net sprutsen ha, treffe se elkoar wer yn Buro de Vries. Dêr is it Jillert dy't in opmerklike útspraak docht. Fynt hy dizze freonskip echt wichtiger as syn gesin? Hear it yn in yndrukwekkend, humoristysk en earlik petear yn Buro de Vries.

Friezen thús yn Sweden

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen.

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Goedkeape huzen, natoer en romte, mar gjin wurk

Yn Munkfors treffe we de famylje Hoekstra. Seis jier lyn namen Klaas en Gerda Hoekstra en har trije bern de stap om te emigrearjen. Klaas wurket net yn Sweden, hy is stjoerman op de binnenfeart yn Nederlân en Dútslân. Hy is twa wike thús, twa wike fuort.

Midden yn 'e bosk, oan de rivier de Klarälven, ha Jan en Rosita Zuidema fiif jier lyn in hûs kocht. In grutte tsjinfaller is dat Jan noch altyd gjin fêst wurk fûn hat. Op it stuit wurket hy sels yn Noarwegen en komt allinne yn it wykein thús. Rosita is in soad thús, allinne want de bern bin de hiele dei nei skoalle. Lang om let ha se it beslút nommen werom te gean nei Nederlân. Wannear't dat wêze sil is net te sizzen. Har hûs stiet al in skoftke te keap en Jan moat earst wurk ha. Mar om har gean se sa gau mooglik werom, leaver hjoed as moarn.

Share this page on:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)