Buro de Vries fan 30 july 2017 11:00

11:00-12:00 oere: Peareltjes út it argyf mei dizze kear: Wa wie Domela en feriening De Doarpsein yn Ryptsjerk
12:00-13:00 oere: 'Ferhalen fan it Waad': professor Theunis Piersma
De folsleine útstjoering wurdt sneintejûn werhelle tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

Ferhalen fan it Waad: professor Theunis Piersma

  • Ferhalen fan it Waad: professor Theunis Piersma

Wa wie Domela

  • Wa wie Domela

De takomst fan It Domela Nieuwenhuis museum op It Hearrenfean stie dit foarjier faai. Troch besunigingen fan de gemeente drige it museum ticht te moatten. Nei akjes waarden de besunigingen weromdraaid. Wy wienen benijd wa't Domela noch kin. Is Ferdinand Domela Nieuwenhuis, hast hûndert jier nei syn dea, noch altyd in begryp? Yn it argyf fûnen we opnamen fan minsken dy't eartiids opgroeiden yn èchte Domela-hûshâldingen; en yn Nij Beets troffen we histoarikus Johan Frieswijk. Domela moat ûnder it stof wei, is syn boadskip.

Feriening De Doarpsein yn Ryptsjerk

  • Feriening De Doarpsein yn Ryptsjerk

Tusken 1920 en 1940 hienen ferskillende doarpen in eine-feriening. No is der noch ien: De Doarpsein yn Ryptsjerk. Yn 2016 sochten wy it hoe en werom fan dy feriening út.

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
(advertinsje)