Buro de Vries fan 30 desimber 2018 11:00

    * Op paad troch Fryslân mei teatermakker Tjerk Ridder en syn esel;

    *  In kompilaasje fan de simmerútsjoerings fan Buro de Vries op lokaasje;

    * 2018 troch de eagen fan fjouwer Fryske sjoernalisten.

    Mei de ezel op 'n paad troch Fryslân...

    ''Er is veel onverschilligheid in deze wereld'', sa fynt teätermakker Tjerk Ridder fan Utrecht. Fan 't simmer reizge hy mei syn ezel Lodewijk troch Fryslân. Fan dizze ûnferskillichheid hat hy lykwols hielendal neat fernaam op syn pylgertocht. ''Ik ben onder de indruk van de gastvrijheid die ik ben tegen gekomen.'' Sa ek by soarchynstelling Talant yn Boalsert, dêr't hy foar ien nacht syn tent opsette. Hy wie koartlyn wer efkes werom yn Boalsert mei in ferrassing: in spesjaal makke ezelsbankje. Hy hopet dat de kliïnten, de âlderein dy't ek yn it appartemintekompleks wenje en de rest fan de buert, mekoar faker moetsje troch it bankje. Tjerk fynt it opfallend dat yn ús hastige maatskappij - rjochte op sukses en wolfeart- minsken sa gastfrij foar him en Lodewijk wiene. Dochs hat er der lang om let wol in ferklearring foar: ''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' De teätermakker hat in foarstelling makke basearre op syn belibbenissen ûnderweis. De foarstelling hyt 'Bonne Route'. Foar Buro de Vries rûn Wendy Kennedy in eintsje mei Tjerk en Lodewijk mei.

    Buro de Vries sjocht werom op de simmer!

    Fan't simmer hat it Buro in tour makke by tsien Fryske doarpen del. De mienskip, sa sintraal yn it ferhaal fan LF2018, kamen we yn dy doarpen eins alle wiken wer yn sterke mate tsjin. Mei-inoar kreative oplossingen sykje tsjin de krimp, it ferdwinen fan de winkel,  of krekt it hoedsjen fan it eigen erfguod of de lêste skoalle en it stride om in nij wenwykje. De Fryske doarpen libje en der sit noch genôch muzyk yn, sa die bliken. Oan de ein fan it jier in goeie reden om der mei in kompilaasje nochris op werom te sjen!

    Fryske sjoernalisten besprekke de hichte- en djiptepunten fan 2018

    Wat wiene de hichte- en djiptepunten fan 2018? Fjouwer Fryske sjoernalisten sette se op in rychje en besprekke se oan tafel by it Buro. LF2018, de ferkiezings, de grutte projekten yn Ljouwert en de minsken dy't yn Fryslân dit jier foar master opsloegen of krekt de plank folslein misten. En wat soe ús yn 2019 te wachtsjen stean?  Ria Kraa (Friesch Dagblad), Patrick van't Haar ((Leeuwarder Courant), Gerrit de Boer (Omrop Fryslân) en Anne-Goaitske Breteler (freelance publisist) sitte oan tafel en litte har ljocht der oer skine.

    Yn Memoriam Melis van Seijen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat 'boekeman' Melis van Seijen.

    11:09 - Family Of The Year - St.Croix
    11:47 - John Mayer - New Light
    12:08 - Swing Out Sister - Surrender

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)