Buro de Vries fan 30 augustus 2020 11:00

    * Femke IJlstra as Simmergast
    * Oerlibje yn de natoer (rige "Apen & Bearen")
    * It belang fan de bij
    * "De biololgyske klok", in dokumintêre mei prof. Dries Kalsbeek.

    Simmergast Femke IJlstra

    Dizze snein is Femke IJlstra (38) de simmergast by Buro de Vries. Femke is as top-saksofonist ferbûn oan tal fan grutte orkesten lykas it Koninklijk Concergebouworkest, it Radio Filharmonisch Orkest en it Tonhalle Orchester Zürich. Dêr njonken is se as soloïst op 'n paad mei pianiste Celia Garcìa-García en spilet se yn it Syrène Saxophone Quartet, dat se sels oprjochte.

    Hoe fergiet it in muzyk-professional yn tiden fan Corona, wêryn konsert-sealen leech bliuwe  en oardelmeter ôfstân de noarm is? En hoe stiet it mei de aksje dy't Femke begûn om net langer fergees te spyljen op lunsj-konserten yn grutte sealen? Se kaam der lanlik mei yn it nijs doe't se it noch langer ferpofte om foar nul sinten op te treden, wylst lûdsminsken en kofjeskinkers wol betelle waarden.

    Op dit stuit wennet se yn Haarlem, mar hoe bot lokt it heitelân? Of hat in musicus yn Fryslân alhiel gjin takomst perspektyf?

    11:17 - Wouter Hamel - March, April, May
    11:43 - Jason Mraz - Hello, You Beautiful Thing
    11:53 - Swartbunt - It Sil Stoarmje

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)